Folkshegeskoalle Schylgeralân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Schylgeralân)
Folkshegeskoalle Schylgeralân
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. folkshegeskoalle
wurkmêd folwoeksene-ûnderwiis
fêstige yn Hoarn (Fryslân)
oprjochte 1948
oprjochter Halbe Sikkes Doele
offisjele webside
www.folkshegeskoalle.nl

De Folkshegeskoalle Schylgeralân (de offisjele namme is Frysktalich) is in folkshegeskoalle dy't fêstige is op it Fryske Waadeilân Skylge, yn 'e himrik fan it doarp Hoarn. Dit ynstitút foar folwoeksene-ûnderwiis is in ynternaat dat oprjochte waard yn 1948. It is no de iennichste noch oerbleaune folkshegeskoalle yn Nederlân. De Folkshegeskoalle Schylgeralân organisearret ûnder it biedwurd "edukaasje en ferdivedaasje" alle jierren kursussen en workshops op it mêd fan kreätiviteit, besinning en natoer. De Fryske taal en kultuer hawwe dêrby fan it begjin ôf oan in wichtige rol spile. Tsjintwurdich wurde der ek almar mear aktiviteiten en kursussen organisearre dy't spesifyk it Frysk en/of Fryslân oangeane. Fierders binne der simmerwiken foar bern fan 10 oant en mei 15 jier, en kinne der kongressen en konferinsjes holden wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Folkshegeskoalle Schylgeralân waard yn 1948 oprjochte, as ûnderdiel fan 'e lytse kulturele renêssânse dy't nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân plakfûn. Al foàr de oarloch wiene der lykwols kontakten tusken Jarich van der Wielen, de oprjochter fan 'e sûnt 1932 besteande Folkshegeskoalle Allardseach (by Bakkefean), en Halbe Sikkes Doele, de lettere direkteur fan Schylgeralân. Dat hat sûnder mis bydroegen oan 'e oprjochting fan 'e folkshegeskoalle op Skylge, mar de direkte oanlieding waard foarme troch it earste nei-oarlochske kamp fan it Boun fan Nasjonale Fryske Jongerein, dat yn 1946 op it eilân holden waard, en dat mei mear as hûndert dielnimmers in grut súkses wie.

De húsfêsting fan Schylgeralân waard fûn doe't Doele syn frou Gryt Doele-Bokma de yn 'e oarloch troch de Dútsers oanleine bunkers besocht op it plak dêr't de folkshegeskoalle no stiet. Dy bunkers, kompleet mei in sjittoer, makke ûnderdiel út fan 'e Atlantikwall, en nei de oarloch stiene se leech. Hoewol't der gjin elektrisiteit of wetterlieding wie, seagen de Doeles der daliks mooglikheden yn. It hiele kompleks waard yn 1948, nei oerlis mei it Buro Oarlochsbút fan it Ministearje fan Finânsje, troch de doe ûnderwilens oprjochte Stifting Schylgeralân oankocht fan 'e Nederlânske oerheid foar de som fan ƒ500. De bunkers waarden troch frijwilligers wer yn bewenbere steat brocht, wêrnei't de Folkshegeskoalle Schylgeralân him yn 't earstoan benammen ûntjoech ta kultureel moetingsplak foar frysksinnige jongerein. It besykjen, út 'e begjintiid fan it ynstitút, om it Frysk op Skylge te propagearjen, foelen by de eilânbefolking net altyd yn goede ierde. Halbe Sikkes Doele soe oant 1962 direkteur fan 'e ynstelling bliuwe, doe't er opfolge waard troch Betze Stienstra, dy't dy funksje beklaaide oant 1995.

Yn 'e 1950-er jierren waarden der by Schylgeralân geregeldwei kampen holden, lykas Peaskekampen, jierslutingskampen, simmerkampen, stúdzjekampen en keatskampen. In grut tal Fryske pommeranten die dêr oan mei, lykas de dichters Fedde Schurer en Douwe Tamminga, PvdA-politikus Anne Vondeling, haadredakteur fan 'e Ljouwerter Krante Jan Piebenga, en perfester Fryske taal- en letterkunde Tony Feitsma. Fan 'e midden fan 'e 1970-er jierren ôf organisearre Folkshegeskoalle Schylgeralân ek jierrenlang ien kear yn 't jier de Fryske Toanielwiken.

Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waard de Folkshegeskoalle Schylgeralân útwreide mei de hjoeddeistige Skandinavysk oandwaande gebouwen dy't ûntwurpen waarden troch de bekende arsjitekt Gunnar Daan. Yn 1987 waard it lêste gebou, De Brêge, foltôge. Dat is om in dún hinne boud en bestiet út alve keamers mei in boppeferdjipping dêr't in ljochte, rûngeande gearkomsteseal is. De Brêge waard seremonieel iepene troch keninginne Beatrix.

Om't Schylgeralân der fan it begjin ôf oan foar keazen hie om gjin subsydzje oan te freegjen, hie it oars as de oare folkshegeskoallen yn Nederlân net te lijen ûnder de besunigings dy't it regear yn 'e 1980-er jierren trochfierde. Uteinlik bleau it dêrtroch as lêste folkshegeskoalle yn Nederlân oer. Bestjoerlik waard Schylgeralân rund troch twa stiftings: de Stifting Schylgeralân, dy't de gebouwen yn besit hie, en de Stifting Folkshegeskoalle, dy't de aktiviteiten organisearre. Yn 1987 fúzjearren dy beide organisaasjes ta de nije Stifting Folkshegeskoalle Schylgeralân, dêr't yn 1991 in nij stiftingsstatút foar oannommen waard.

Nei it ôfswaaien fan Betze Stienstra as direkteur, kaam de Folkshegeskoalle ûnder it bewâld te stean fan efterinoar Jantsje Sikma (1995-1998), Atze en Ruth Zuiderveld (1998-2000), Klaske Jaspers-Hazenberg (2000-2014), en Amarins Geveke (sûnt 2014). Taal bleau in wichtich ûnderdiel fan it lesprogramma fan Schylgeralân, dat him yn dit tiidrek fan in fierhinne Frysktalich ynstitút ûntjoech ta in twatalich Frysk-Nederlânske ynstelling. As ûnderdiel dêrfan waard oan skriuwers en dichters de mooglikheid bean om by Schylgeralân te útfanhúzjen en oan 'e stêf en kursisten út eigen wurk foar te lêzen. Skriuwers dy't dat dien hawwe, binne û.m. Tsjêbbe Hettinga, Rutger Kopland, Albertina Soepboer, Hagar Peeters, Abdelkader Benali, Hylke Speerstra, Atte Jongstra, Neeltje Maria Min en Abe de Vries.

Oant de iuwwiksel berêste de marketing fan Schylgeralân benammen op mûle-ta-mûlereklame; sûnt dy tiid hat it ynstitút sterk ynset op reklame oer it ynternet, mei û.m. in almar oanwaaksende, goed ûnderholden webside, online-nijsbrieven en in eigen Facebookside. Mei yngong fan 2010 waard fierders úteinset mei de ferduorsuming fan 'e Folkshegeskoalle, dy't nei eigen sizzen "past by syn unike lizzing" yn 'e Hoarnster Bosk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: