Grease (franchise)
Grease | ||
betinker | Jim Jacobs en Warren Casey | |
eigner | Paramount Pictures | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1978 | |
films | ||
langspylfilms | ● Grease ● Grease 2 ● Summer Lovin’ | |
tillefyzje | ||
searjes | Grease: Rise of the Pink Ladies | |
specials | Grease Live! | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ● Grease ● Grease Dance | |
offisjele webside | ||
www.paramount.com/movies/grease |
Grease is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1971 betocht waard troch Jim Jacobs en Warren Casey yn 'e foarm fan 'e toanielmusical Grease. It grutte súkses kaam lykwols pas yn 1978, mei de adaptaasje ta de filmmusical Grease. Yn 1982 ferskynde noch in ferfolchfilm en anno 2024 is in trêde film yn produksje. Fierders bestiet Grease as mediafranchise út in tillefyzjesearje, inkele fideospultsjes en ferskate realitytalintejachten. De titel fan 'e franchise betsjut "Fet", yn 'e sin fan hierfet, mei't it oer de subkultuer fan fetkuven giet. De franchise is eigendom fan 'e Amerikaanske filmstudio Paramount Pictures.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grease
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Grease (film).
Yn Grease reitsje de fetkúfdragende noazem Danny Zuko (John Travolta) en it naïve Australyske skoalfamke Sandy Olsson (Olivia Newton-John) yn 'e simmerfakânsje smoarfereale opinoar. Tsjin 'e ein fan 'e simmer miene se dat se inoar nea wer sjen sille, mar troch omstannichheden komme se op deselde middelbere skoalle te sitten. Danny wol lykwols foar syn maten oer, de T-Birds, net wêze hoe't er foar Sandy fallen is en behannelet har by it wersjen op kwetsende wize. Neitiid langje se nei inoar, mar witte se net hoe't se harren relaasje wer reparearje kinne. Underwilens wurdt Sandy opnommen yn in fammegroep, de Pink Ladies, dy't ûnder lieding stiet fan 'e stoere Betty Rizzo (Stockard Channing).
Grease waard regissearre troch Randal Kleiser nei in senario fan Bronte Woodard. De film gie op 16 juny 1978 yn premiêre, en brocht $396,2 miljoen op tsjin in budget fan $6 miljoen. Dêrmei wie it de meast opbringende film fan it jier en teffens (doe) de meast opbringende filmmusical aller tiden. Grease waard nominearre foar in Oscar en fiif Golden Globes. Yn 2020 waard de film foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. Grease joech ek in nije ympuls oan 'e karriêres fan haadrolspilers John Travolta en Olivia Newton-John, dy't troch de film útgroeiden ta superstjerren.
Grease 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Grease 2.
Grease 2 spilet twa jier nei de foarfallen yn 'e oarspronklike film op deselde middelbere skoalle. Michael Carrington (Maxwell Caulfield), in Ingelske ymmigrant yn 'e Feriene Steaten, rekket smoarfereale op Stephanie Zinone (Michelle Pfeiffer), de stoere liedster fan 'e Pink Ladies. It probleem is dat sy him net stean sjocht, wylst Johnny Nogerelli (Adrian Zmed), de ûnfolwoeksen lieder fan 'e jeugdbinde de T-Birds, Stephanie as syn eigendom beskôget.
Grease 2 waard regissearre troch Patricia Birch nei in senario fan Ken Finkleman. De film gie op 11 juny 1982 yn premiêre, en brocht $15,2 miljoen op tsjin in budget fan $11,2 miljoen. Hoewol't Grease 2 neitiid in bytsje útgroeide ta in cultfilm, mei in lytse mar tawijde groep fans, wurdt tsjintwurdich yn 'e regel ornearre dat it iennichste opmerklike oan 'e film is dat de letter ta filmstjer útgroeide Michelle Pfeiffer der har earste haadrol yn spile. It gebrek oan súkses fan dizze film makke foarearst in ein oan 'e Grease-filmsearje.
Summer Lovin’
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn april 2019 kundige Paramount Pictures de produksje oan fan in prequel fan 'e oarspronklike film, dy't as titel Summer Lovin’ krije moast, nei it liet fan Danny en Sandy oer harren simmerleafde. It senario, dat skreaun wurde soe troch John August, soe harren earste moeting en simmerleafde yngeander beskriuwe. Yn july 2020 waard Brett Haley yn 'e earm nommen as regisseur. Anno 2024 is de film noch altyd yn 'e tariedingsfaze.
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Realitytillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar revivals fan 'e toanielmusical Grease waarden yn 'e 2000-er jierren ferskate talintejachten holden, dêr't realitytillefyzjesearjes fan makke waarden om ek oan 'e syktocht nei nij musicaltalint te fertsjinjen. De realitysearjes waarden staljûn nei it foarbyld fan 'e BBC-rige How Do You Solve a Problem Like Maria?, dy't troch Andrew Lloyd Webber makke waard om 'e haadrolspilers te finen foar in revival fan The Sound of Music. De Amerikaanske ferzje, mei as titel Grease: You're the One That I Want!, waard yn 2007 útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk NBC. De Britske ferzje, mei as titel Grease Is the Word, kaam datselde jiers op 'e tillefyzje by ITV. In Nederlânske ferzje, Op Zoek naar Danny & Sandy, waard letter útstjoerd troch RTL.
Tillefyzjespecial
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In tillefyzjespecial, mei as titel Grease Live!, waard op 31 jannewaris 2016 troch Fox op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht. It wie in remake fan 'e oarspronklike film, regissearre troch Thomas Kail. De haadrollen waarden fertolke troch Julianne Hough, Aaron Tveit, Vanessa Hudgens en Carlos PenaVega. De special waard live útstjoerd út 'e Warner Bros. Studios yn Burbank.
Tillefyzjesearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Grease: Rise of the Pink Ladies.
De musicaltillefyzjesearje Grease: Rise of the Pink Ladies waard yn septimber 2019 oankundige, oarspronklik ûnder de titel Grease: Rydell High. It wie in joint venture fan Paramount Pictures, Picturestart en Temple Hill Entertainment, dy't fan 'e maityd fan 2023 ôf te sjen wie fia de streamingtsjinst HBO Max. De haadrollen waarden fertolke troch Emma Shannon, Madison Elizabeth Lagares, Marisa Davila en Cheyenne Isabel Wells.
Toanieladaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it oanhâldende súkses fan 'e film Grease en de belutsenens fan filmprodusint Robert Stigwood by de revival fan 'e tonielmusical yn it Londenske West End yn 1993, waarden dy en lettere revivals fan 'e musical Grease oanpast oan it justjes ôfwikende ferhaal fan 'e film. Sa waarden de Burger Palace Boys út 'e oarspronklike musical omneamd ta de T-Birds út 'e film, en waard it personaazje fan Sandy Olsson ek yn 'e musical in ymmigrante út Austraalje, wat oarspronklik in feroaring wie dy't foar de film trochfierd waard om't de yn Ingelân berne en yn Austraalje opgroeide aktrise Olivia Newton-John gjin oertsjûgjend Amerikaansk-Ingelsk aksint neibeare koe.
De ferfolchfilm Grease 2 waard letter ek adaptearre ta in toanielmusical, ûnder de titel Cool Rider, dy't sawol yn it West End as op Broadway te sjen wie en folle mear súkses hie as de film.
Fideospultsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e Grease-franchise binne de folgjende fideospultsjes útkommen:
- 2010 – Grease
- 2011 – Grease Dance
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |