Springe nei ynhâld

Rotten Tomatoes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Golden Tomato Award)
Rotten Tomatoes
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor resinsje-sammeling
haadkertier Berkeley (Kalifornje)
oprjochte 1998
oprjochter Senh Duong
eigner Fandango Media
offisjele webside
www.rottentomatoes.com

Rotten Tomatoes is in Amerikaanske webside dy't resinsjes fan films en tillefyzjeprogramma's sammelet en op basis dêrfan dyselde films en tillefyzjeprogramma's beoardielet. De online-database fan it bedriuw is fergees tagonklik; Rotten Tomatoes bestiet fan 'e reklame dy't troch oare bedriuwen op 'e webside makke wurdt. De namme is Ingelsk foar "rottige tomaten", in ferwizing nei de tiid dat it publyk noch mei rotsjende griente en fruit smiet as in toanielfoarstelling ôffoel. Rotten Tomatoes ûntstie yn 1998 en hat him ûntjûn ta in ynfloedrike faktor yn 'e Amerikaanske filmyndustry, mei eltse moanne 26 miljoen unike besikers wrâldwiid, wêrfan 14,4 miljoen út 'e Feriene Steaten.

De oprjochter fan Rotten Tomatoes wie Senh Duong, in studint oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley en in fanatike fan fan akteur Jackie Chan, dy't alle resinsjes fan Jackie Chan-films sammele hie dy't er besette koe. Hy betocht dat it ferhipte handich wêze soe as der in webside bestien hie dy't dat sammeljen fan resinsjes foar him die. Sa kaam er op it idee om Rotten Tomatoes te begjinnen, wat er op 12 augustus 1998 as in projekt foar syn frije tiid die. De earste film dy't er op syn webside opnaam, nei't er it ramtwurk opset hie, wie Your Friends & Neighbors (1998).

Rotten Tomatoes wie fuortendaliks in súkses, mei't it inisjatyf neamd waard troch Netscape, de siikmasine Yahoo! en yn 'e krante USA Today, mei as gefolch dat der 600 oant 1.000 unike besikers deis delkamen. Sadwaande frege Duong nei ferrin fan tiid syn mei-studinten Patrick Y. Lee en Stephen Wang om by te springen. It trio besleat om harren stúdzjes ôf te brekken en harren foltiids ta te lizzen op Rotten Tomatoes. Dat waard formeel as bedriuw by de pleatslike keamer fan keaphannel ynskreaun op 1 april 2000.

Yn juny 2004 ferkochten de trije eigners Rotten Tomatoes oan IGN Entertainment foar in net bekendmakke bedrach. IGN sels waard yn septimber 2005 oankocht troch Fox Interactive Media, in dochterûndernimming fan mediabedriuw News Corp. Yn jannewaris 2010 ferkocht IGN Rotten Tomatoes oan it ynternetbedriuw Flixter, dat yn 2011 yn 'e hannen kaam fan filmstudio Warner Bros. Yn febrewaris 2016 waard Flixter, Rotten Tomatoes ynbegrepen, oankocht troch Fandango Media, in joint venture fan Warner Bros. (30%) en NBCUniversal (70%). Nei de oername troch Fandango waarden nasjonale ferzjes fan Rotten Tomatoes yn it Feriene Keninkryk, Yndia en Austraalje opdoekt. De iennichste noch aktive bûtenlânske ferzje fan 'e website is sûnt dy tiid de Meksikaanske ferzje Tomatazos.

garandearre farsk
farsk
rottich

De stêf fan Rotten Tomatoes sammelet alle online-resinsjes fan in film of tillefyzjeprogramma, ynsafier't dy skreaun binne troch renommearre resinsinten. Dêrnei stelt de stêf foar eltse resinsje fêst oft dy posityf ("farsk") is, oanjûn mei in ikoantsje fan in reade tomaat, of negatyf ("rottich"), oanjûn mei in ikoantsje fan griene stikkensmiten tomaat. It tal resinsjes wurdt dan teld (soms wol 300 of mear foar grutte nije films) en dan wurdt der in 'goedkarringspersintaazje' fêststeld foar de film of it tillefyzjeprogramma, troch it tal positive resinsjes te dielen troch 1% fan it totale oantal resinsjes. As it persintaazje dat út dy berekkening komt 60% of heger is, kriget de film of it tillefyzjeprogramma it etiket "farsk", mar is de útkomst minder as 60%, dan wurdt de film of it tillefyzjeprogramma "rottich" neamd.

Rotten Tomatoes omfiemet ek in beheinde gearfetting fan 'e trant fan alle brûkte resinsjes mei-inoar, en koarte sitaten út eltse brûkte resinsje, dy't tagelyk tsjinje as in link nei de eigentlike resinsje, foar lêzers dy't it hiele artikel lêze wolle. Resinsjes fan 'topkritisy', lykas Roger Ebert, Desson Thomson, Stephen Hunter, Owen Gleiberman, Lisa Schwarzbaum, Peter Travers en Michael Phillips, telle yn 'e berekkening fan Rotten Tomatoes swierder as de resinsjes fan sljochtwei kritisy. De berekkening fan it goedkarringspersintaazje wurdt de 'tomatometer' neamd. Behalven de stannen 'rottich' en 'farsk' hat dy ek noch de stân 'garandearre farsk' (certified fresh), dy't beheind is ta films en tillefyzjeprogramma's dy't in skoare hawwe fan 75% of heger op basis fan teminsten 40 ûnderskate resinsjes foar films dy't yn in beheind ta bioskopen útbrocht wurde en fan teminsten 80 ûnderskate resinsjes yn alle oare gefallen.

Yn 2000 stelde Rotten Tomatoes de RT Awards yn om 'e films mei it heechste goedkarringspersintaazje fan it jier te earjen. Dy prizen waarden letter omneamd ta de Golden Tomatoe Awards. Dêr binne in stikmannich kategoryen fan. De earste skifting is tusken films dy't beheind úbrocht binne (yn minder as 600 bioskopen) en alle oare films út 'e Feriene Steaten, en dêrnei wurde se fierder yndield nei sjenre. Der is ek in kategory foar films út it Feriene Keninkryk en ien foar films út Austraalje. De winners fan 'e prizen wurde bekendmakke op 'e webside, mar der is gjin útrikkingsseremoanje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.