Geart van der Zwaag (dichter)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Geart van der Zwaag (Nijehaske, 31 oktober 1924 - Beetstersweach, 22 july 1989) wie Frysk skriuwer, dichter en maatskiplik wurker by de PTT.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geart van der Zwaag waard grut yn syn berteplak Nijehaske, syn âlden hiene dêre in meubelsaak. Nei de legere skoalle gie Geart nei de Ambachtsskoalle, as tarieding op it wurk fan syn âlden. Dêr hat er ek in jiermannich wurke, mar hy kaam der efter dat dêr syn takomst net lei. Yn 1957 gie er út de saak en gie er nei Hengelo foar in stúdzje oan de Sosjale Akademy. Nei dy stúdzje soe er oan de slach by de Gemeentlike Sosjale tsjinst. Dêrnei kaam er as maatskiplik wurker oan it wurk yn Stiens. Letter waard er yn Ljouwert bedriuwsmaatskiplik wurker by de PTT.

As dichter debuteare Van der Zwaag yn 1951 yn De Tsjerne mei it fers 'De beam by de poartedoar'. Hy wie belutsen by de oprjochting fan Quatrebras ( as ien fan de Mieren, 1953), fan Operaesje Fers (sûnt hjerst 1967) en fan De Golle. Hy publisearre yn in grut tal literêre blêden, lykas yn de eigen oprjochte blêden De Golle en Quatrebras, mar ek yn Trotwaer, De Strikel en de Ljouwerter Krante.

As dichter wurdt Geart van der Zwaag rekkene ta de eksperimintelen, in streaming dy’t ûntstie nei de gaos fan de Twadde Wrâldoarloch doe’t alles dat dêrfoar fan wearde wie syn wearde en betsjutting ferlern hie. Hja geaten in fers net mear yn de tradisjonele foarm, lykas in sonnet, mar lieten it fers de foarm bepale. Van der Zwaag wie ien fan de jonge eksperimentele dichters dy’t publisearren yn it jongereinnûmer fan De Tsjerne dat ferskynde yn 1967. Foar de Fryske poëzy jilde benammen 1967 as it jier fan de fernijïng, foaral om it grut tal jonge dichters dat doe foar it earst fan har hearre liet.

Van der Zwaag hat net in soad boeken publisearre. Syn earste bondel, Skiphok, kaam yn 1970 út. Dat wie ien fan de earste útjeften fan de KU (Koperative Utjouwerij). Yn datselde jier wie de útjouwerij oprjochte troch in tal skriuwers dy’t it net iens wiene mei it belied fan de besteande útjouwerijen. Ien fan dy skriuwers wie Geart van der Zwaag, dy't letter in stikmannich jierren foarsitter wie fan de útjouwer. Yn 1975 ferskynde Twakear 25 quatrinen en yn 1983 Yn ‘t lêst fan de dagen. Fierders kaam der yn 1981 in poster út fan syn fers ‘Therapeutysk gedicht’. Hy wurke yn 1985 mei oan it Frysk Festival-projekt ‘Skipperslatyn’ dêr’t ek in grammofoanplaat fan útkommen is.

Van der Zwaag hat him altiten bot ynsetten foar it ferbetterjen fan it skriuwersklimaat yn Fryslân en om skriuwers en dichters in poadium foar publikaasje te jaan. Hy wie dan ek ien fan de oprjochters fan dichterstelefoan ‘Opereasje fers’ yn 1968 en hat dêr ek in skoft redakteur fan west. Fierders hie er in sit yn de redaksje fan De Tsjerne en letter fan Trotwaer.

Yn 1990 ferskynde postúm de koarte roman It Spûkskip. De novelle beskriuwt it wjerfarren fan twa skipper-broers yn it lêst fan de oarloch. Nei alle gedachten hat Van der Zwaag guon fan syn eigen ûnderfinings as ûnderdûker yn it ferhaal ferwurke.

Ek op polityk mêd wie Van der Zwaag aktyf, sa hat er tusken 1970 en 1974 sit hân yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de Fryske ôfdieling fan de partij D66. Yn 't lêst fan '73 sleat er him oan by de FNP (Frysk Nasjonale Partij), mar hy hat syn tiid as steatelid foar D66 wol ôfmakke.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1970 : Skiphok
  • 1975 : Twakear 25 Quatrinen
  • 1983 : Yn 't lêst fan de dagen

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1990 : It spûkskip: in oarlochsferhaal út it Wetterlân (ek opnaam yn De fergetten oarloch 2008)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: