Springe nei ynhâld

Frou-humefazant

Ut Wikipedy
frou-humefazant

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai langsturtfazanten (Syrmaticus)
soarte
Syrmaticus humiae
Hume, 1881
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De frou-humefazant of frou Hume's fazant (wittenskiplike namme: Syrmaticus humiae) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e langsturtfazanten (Syrmaticus). Dit bist wurdt ek wol koartwei de humefazant of Hume's fazant neamd. In alternative namme is bânsturtfazant. De frou-humefazant komt foar yn dielen fan Súdeast-Aazje. It is in middelgrutte fûgel dy't in protte seksuele dimorfy fertoant. De frou-humefazant is de offisjele steatsfûgel fan 'e Yndiaaske steaten Mizoram en Manipoer. De IUCN klassifisearret dit bist as gefoelich.

Namme en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frou-humefazant waard yn 1881 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Britske biolooch Allan Octavian Hume. Hy ferneamde de fûgel nei syn frou, Mary Ann Grindall Hume.

It ferspriedingsgebiet fan 'e frou-humefazant beslacht dielen fan it súdeasten fan Sina (fral yn 'e provinsje Yunnan en de autonome regio Guangxi), en teffens it oanbuorjende eastlik Birma en it uterste noarden fan Tailân. In isolearre populaasje komt foar yn 'e grinskrite fan westlik Birma mei it uterste easten fan Yndia.

Tekening fan in pearke frou-humefazanten út it boek The Game Birds of India, Burmah and Ceylon (1880).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frou-humefazant is in middelgrutte fûgel. De hoanne hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 90 sm, wêrfan't de sturt 40–54 sm beslacht. De wjukspanne is 206–225 sm en it gewicht bedraacht likernôch 1 kg. De hin is in slach lytser, mei in kop-sturtlingte fan 60 sm, wêrfan't de sturt 20 sm útmakket. De wjukspanne is by de hin 198–210 sm en it gewicht bedraacht sa'n 650 g.

De hoanne hat opfallende pronkkleuren, te begjinnen mei de reade lellen om 'e eagen hinne. Boppe op 'e kop is er grizich brún, mar de hals en it boarst binne indigoblau. De rest fan it lichem is fierhinne kastanjebrún, útsein de brede wite streken oer de wjukken en it spikkelbûnt wyt mei swarte ûnderein fan 'e rêch. De sturt, dy't in net-funksjonele lingte hat en inkeld fan belang is foar it pronkjen by de balts, is wyt oant hiel ljochtgriis mei swarte bannen.

De hin sjocht der hiel oars út, mei in folle saaier kleure fearrekleed, dat lykwols in folle bettere skutkleur hat. Dat is ek nedich as de fûgels op it nêst sitte te brieden. Alsa binne hinnen brún, wêrby't de kleur taljochtet op 'e bealch en it boarst en dûnkerder wurdt nei de rêch ta, dêr't er suver spikkelbûnt is trochdat der swarte fearren troch it brún hinne komme. De kiel fan 'e hin skaait út nei wyt en is it ljochtste diel fan it lichem.

De frou-humefazant libbet yn drûge subtropyske wâlden yn bercheftige kontreien, dêr't er foarkomt op in hichte fan 1.200–1.300 m boppe seenivo. Dizze fûgel jout dêrby de foarkar oan mozaykeftige lânskippen, wêrby't stikjes wâld ôfwiksele wurde mei berchgreiden en mei stikjes terrein mei inkeld opgeand strewelleguod.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winterdeis sykje frou-humefazanten inoar op om groepen te foarmjen, dy't lykwols yn 'e rin fan maart of april wer útinoar geane. De hoannen fêstigje dêrnei territoaria foar de balts, wêrby't se harren oanspraak op in diel fan it wâld krêft bysette troch in dúdlik hearber klapwjukjen. Nei de balts, wêrby't de hoanne tige mei syn fearrepracht pronket en de sturt opset, kiest de hin in partner út en fynt de pearing plak. Dêrmei einiget de belutsenens fan 'e hoanne by it fuortplantingsproses.

In hoanne.

Neitiid siket de hin ûnder beskutting fan opgeande fegetaasje in gaadlik plak op foar in nêst, dat se as ûndjip dobke yn 'e grûn útskrabet en dan mei wat plantegrien beklaait. Se leit 6–10 breed ovale, krêmkleurige aaien, dy't nei in briedtiid fan trochinoar 27 dagen útkomme. De piken binne nêstflechters, dy't binnen oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte kinne. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee troch har nei gaadlike plakken brocht dêr't se harsels fuorje kinne.

De frou-humefazant hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet te lijen hat ûnder habitatferlies troch minsklike aktiviteiten, wat net allinnich resultearret yn minder gaadlik wengebiet foar de fûgels, mar ek yn in fragmintearre populaasje. Dêropta wurdt de frou-humefazant troch de befolking fan syn ferspriedingsgebiet tradisjoneel bejage as boarne fan iten. It bestân yn eastlik Yndia bestiet noch út 4.000 eksimplaren, beide populaasjes yn Birma besteane tegearre út 6.000 eksimplaren en yn Tailân komme 200–500 fan dizze fûgels foar. Wat súdeastlik Sina oangiet, binne gjin gegevens bekend, mar de hiele wrâldpopulaasje fan 'e frou-humefazant wurdt rûsd op 20.000 eksimplaren.

Der binne twa erkende ûndersoarten fan 'e frou-humefazant (Syrmaticus humiae), fuortkommend út it disjunkte ferspriedingsgebiet:

  • eastlike frou-humefazant (S. h. burmanicus) (eastlik Birma, noardlik Tailân, súdeastlik Sina)
  • westlike frou-humefazant (S. h. humiae) (eastlik Yndia en westlik Birma)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.