Springe nei ynhâld

Frijburch

Ut Wikipedy
Lizzing Frijburch

Frijburch is in nijbouwyk yn Drachten. De wyk is neamd nei de pleats 'Vrijburg' dy't dêr fanâlds stiet.

Oan de noardkant fan de wyk sil in natuer- en rekreaasjegebiet oanlein wurde. Underdiel dêrfan is it 1 ha grutte Frijheidspark dat in de simmer fan 2021 oanlein waard. Yn it park sil omtinken jûn wurde, en is in earebetoan, oan alle ynwenners fan de gemeente Smellingerlân dy't yn de Twadde Wrâldoarloch harren libben weage hawwe foar de frijheid.[1] Op 9 desimber 2022 waard de earste beam fan it Frijheidspark set. [2] Op 14 april 2023 waard it park offisjeel iepene yn it bywêzen fan fertsjintwurdigers fan de Royal Canadian Dragoons dy't Drachten op 14 april 1945 befrijden.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vrijheidspark Brijburgh in Drachten van start, Drachtster Krante, foarside, 12 maaie 2021
  2. Eerste boom Vrijheidspark Drachten geplant
  3. Drachten herdenkt bevijding in gloednieuw Vrijheidspark, Frysk Deiblêd 15 april 2023, side 2
Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
· · Berjocht bewurkje