Springe nei ynhâld

Us Heit (bier)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Friese Bierbrouwerij)
Us Heit dûbeld weetbier
Biermuseum

Us Heit is in biermerk dat broud wurdt troch de Friese Bierbrouwerij oan de Snitserwei yn Boalsert. It is neamd nei steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau (1560-1620) dy't troch de Friezen 'Us Heit' neamd waard. In stânbyld fan him stiet foar it Steedhâlderlik Hof yn Ljouwert en hy leit begroeven yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.

De Fryske Bierbrouwerij begûn yn 1985 yn Twellingea. De earste biersoarten binne ek neamd nei nammen út de omkriten lykas it Twels Pilsener en it Buorrebier. Meidat it bedriuw grutter waard, gie de produksje yn 1990 oer nei it eardere fabryk fan Philips op yndustryterrein Houkesleat yn Snits. Doe't de Hegere en Middelbere Skoalle foar Libbensmiddelentechnology fan Boalsert nei Ljouwert ferhuze kaam romte frij foar de brouwerij. Der kaam in priuwlokaal en in museum yn, dêr't mei rûnliedings it brouproses útlein waard.

Hast alle apparatuer en ynstallaasjes binne sûnttiids ferfongen. De kapasiteit gie yn 2000 fan 10 hl nei 20 hl it brousel. Ein 2002 komt der ek in distillearderij by. Ut eigen ambachtlik bier wurdt whisky stookt (Frysk Hynder Whisky), dat kin meidat de produkten beide fan de grûnstoffen garst en wetter makke wurde. In oar produkt fan 'e distillearderij is Frysk Famke Kofjelikeur.

Ein novimber 2008 komt der ek noch in eigen mouterij. It bier en de 'single malt whisky' wurde no fan eigen mout makke.

Fisy en streekbûne produksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de produksje en oanlevering fan grûnstoffen wurdt safolle mooglik gebrûk makke fan leveransiers út de omjouwing fan de brouwerij. It hiele produksjeproses fan de produkten is sadanich ynrjochte, dat men it hiele proses fan bouboer oant konsumint sels yn de hân hat. De sirkel foar alle yngrediïnten, te witten: selektearre nanen as koarn en weet, hop, suver wetter en biergist, is dêrmei rûn. Sa is njonken it pân fan de brouwerij in hoptún ynrjochte. Hjir stiet in fiiftal hopsoarten dy 't in fris, ' krûdich ' hop aroma oan de bieren fan Us Heit jouwe.

  • Dûbeld weetbier
  • Frysk bier
  • Twels bier: pilsener, spesjaal en bokbier
  • Nuchtere Heit
  • Buorrenbier
  • Alvestêdenbier
  • Krystbier
  • Single malt whisky
  • Frysk Famke kofjelikeur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: