Springe nei ynhâld

Oerlis:Us Heit (bier)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Buorrenbier + Alvestêdenbier. Hoe sit dat feitlik mei dy 'tusken n' yn it Frysk? Drewes 6 jan 2012, 18.47 (CET)[beäntwurdzje]

Yn it Frysk heart der neffens my gjin tusken -n te stean, mar mooglik hat it in Hollanner west dy 't de nammen op de fleskes setten hat. Wa't in bettere ferklearring hat mei it sizze. Skriuwe wy hjir no de nammen sa't it op de fleskes stiet of de nammen sa't se hearre te wêzen? As der yndie gjin tusken-n yn heart, moat de brouwer berjocht hawwe en kinne wy der in opmerking oer meitsje op de side sels..--Swarte Kees 6 jan 2012, 19.16 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw it Hindrik Sijens foarlein, fan de Fryske Akademy.--Swarte Kees 6 jan 2012, 19.31 (CET)[beäntwurdzje]
Reaksje Sijens: Achte Swart en oare Wikimannen, It giet yn it gefal fan Buorren Bier om in eigennamme en dan kin men al min oan de stavering komme. De namme fan it bedriuw Philips skriuwe wy ek net as Filips en as it yn it Frysk moat, soe it Nuön wurde y.s.f. Nuon. Yn gearstallings mei buorren dy't neffens de regels skreaun wurde, hâldt de buorren de -n, om't it gjin meartal is. Oars as hûs/huzen (en dus: huzeblok), bestiet der net in inkeldtal buor mei in meartal buorren. En buorren sels hat it meartal buorrens. Yn soksoarte gefallen wurdt by gearstallings de -n wol skreaun: buorrenbier. Elfstedenbier soe ferfryske wurde kinne en dan moat it sa skreaun wurde: Alvestêdebier (neffens alvestêdetocht). Mar hjir jildt ek wer dat eigennammen net ferfryske wurde moatte. Mei freonlike groetnis, Hindrik Sijens. --Swarte Kees 9 jan 2012, 16.17 (CET)[beäntwurdzje]

Dúdlik, tige tank. Drewes 9 jan 2012, 17.48 (CET)[beäntwurdzje]