Flagge fan Skearnegoutum
Appearance
De flagge fan Skearnegoutum is de flagge fan it doarp Skearnegoutum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije weagjende hichtebanen fan blau, giel blau yn de ferhâlding fan 4:1:1; yn de hys in giele fiifpuntige stjer fan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Skearnegoutum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fiifpuntige stjer: ferwiist nei de Snitser Fiifgea, in ferbûn tusken de doarp Gau, Goaiïngea, Loaiïngea, Offenwier en Skearnegoutum om mekoar en de stêd Snits it helpen.
- Giele baan: ferwiist nei De Swette, in feart dy't roch it doarp rint. De Swette makket ek ûnderdiel út fan de Alvestêdetocht. De giele baan is ek oernommen út in flagge fan Wymbritseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk ek part fan wie.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel.