Springe nei ynhâld

Asdingen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fiktofalen)

De Asdingen ek wol Fiktofalen neamd, hearden ta it stamferbân fan de Fandalen. Fan likernôch healwei de 2e iuw ôf waard dit Eastgermaansk folk ûnderskieden yn trije tûken, nl. de Asdingen, de Lakringen en de Silingen.

De oarsaak fan de splitsing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Goaten om-ende-by 150 it gebiet fan de Longobarden binnenfoelen, de buorren fan de Fandalen, feroarsake sy dêrmei in lytske folkeferfarren. Trochdat de Longobarden út harren wengebieten ferdreaun waarden, foelen sy op har beurt de Fandalen oan yn Sileezje dy't op drift rekke. Under oanfiering fan twa lieders Raus en Raptus ferlit in part fan de Fandaalse stammen Sileezje. Ynearsten woenen sy harren fêstigje yn it Romeinske Ryk, mar krige dêrfoar gjin tastimming. Nei it mislearen fan de ûnderhannelings mei de Romeinen, foelen sy it gebiet fan Kastubokken binnen te noarden fan de Karpaten. De Kastubokken waarden yn 172 ferslein en de Fandalen fêstigen har yn harren gebiet. De stammen dy't har yn it westlike part fan Transsylvaanje te wennen sette oan de Teis hite fan dy tiid ôf de Asdingen, de stammen yn it noardlike part de Lakringen en it part dat efterbleau yn Sileezje de Silingen.


Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen