Springe nei ynhâld

Ferdinand François de Smeth

Ut Wikipedy
Ferdinand François baron de Smeth as burgemeester fan Ferwerderadiel

Ferdinand François baron de Smeth (De Haach, 24 oktober 1887 - dêre, 3 maart 1939) wie in telch út it laach De Smeth.

Ferdinand wie earst kommys op de Provinsjale Griffy fan de provinsje Oerisel (1912), dêrnei boargemaster fan Ferwerderadiel (1915-1918) en Sassenheim (1918-1920). Yn 1920 waard er sekretaris en prokuraasjehâlder fan de Hollandsche Bank voor de Middellandsche Zee yn Konstantinopel (1920-1922) en dêrnei boargemaster fan Schoonhoven. Fierder wie er keamerhear en hofmaarskalk fan Keninginne Wilhelmina en gezantschapsattaché fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken (1922-1924). Teffens wie er lid fan de Hege Ried fan Adel (1934) en reserve-ritmaster fan it earste rezjimint huzaren.

Ferdinand wie de âldste soan fan Paul Arnold Jacques baron de Smeth en Marie Isabelle Jeane Elise du Tour van Bellinchave. Ferdinand boaske 4 febrewaris 1913 yn Diepenveen mei jonkfrou Ada Wilhelmina Sandberg tot Essenburg, waans famylje in bûtenpleats yn de gemeente Diepenveen besiet. Ut it houlik waarden trije soannen berne: Henri (Swol, 26 desimber 1913), Paul Arnold Jacques (Diepenveen, 5 april 1917) en Theodore (Sassenheim, 29 maart 1919). Op 24 maart 1920 stoar Ada. Sy waard beïerdige yn in nij famyljegrêf op it herfoarme begraafplak fan Colmschate, dêr't it bûtenhûs De Bannink fan de famylje Sandberg wie.

Ferdinand troude fannijs 15 maaie 1923 yn De Haach mei de tolve jier jongere Louise Adolphine Jacqueline baronesse van Pallandt. Sy krigen soan, Jan Anne de Smeth (Rijswijk, 9 septimber 1924).

Ferdinand ferlear it libben yn 1939 doe't er by it oerstekken fan de strjitte oanriden waard troch in auto. Hy waard beïerdige yn Colmschate by syn earste frou. Syn widdo stoar earst 31 desimber 1992. Ferdinand syn frou wie in suster fan keunstnaresse Charlotte van Pallandt en in muoike fan sjonger Frederik van Pallandt, ferneamd fan it duo Nina en Frederik.