Fanefjord Kirke
Tsjerke fan Fanefjord
Fanefjord Kirke | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Sjælland | |
gemeente | Vordingborg | |
plak | Fanefjord | |
adres | Fanefjord Kirkevej 1, 4792 Askeby | |
koördinaten | 54° 59'N 12° 9'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Roskilde | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
Webside | ||
Side Fanefjord Kirke | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Fanefjord (Deensk: Fanefjord Kirke) is in 12e-iuwske tsjerke op it eilân Møn yn Denemark en de jongste fan de midsiuwske tsjerken op it eilân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fan kleastermoppen boude tsjerke is ferneamd fanwegen de muorrebeskilderings en bestiet út in skip, in westlike toer en in noardlik portaal. It westlike diel fan it sân meter hege skip datearret út de twadde helte fan de 13e iuw. De hjoeddeiske krúsferwulften stamme út de lette jierren 1400 en it op it skip oanslutende koer út it begjin fan de 16e iuw. De rûnbôgefinsters stamme nei alle gedachten fan de renovaasje yn 1724.
De tsjerke waard yn 1825 oankocht troch it lângoed Klintholm en bleau hast in iuw yn it besit fan it lângoed.
In heale kilometer súdlik fan de tsjerke leit de saneamde Grønjægers Høj ('heuvel fan de griene jager') of Grønsalen, ien fan de grutste neolityske grêfmonuminten fan Denemark.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel is fan itselde type as dy fan de Tsjerke fan Elmelunde en is nei alle gedachten om en de by 1645 makke troch deselde houtfiker. It doopfont is letromaansk (1175-1275) en makke fan reade en wite Gotlânske sânstien. De kûp fan it doopfont is fjouwerblêdfoarmich, wylst de foet de foarm hat fan fjouwer gearstalde pylders.
Fresko's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang bleane de muorreskilderings fan de tsjerke ûnder in kalklaach. Under lieding fan E. Lind fan it Nasjonale Museum kamen se tusken 1932 en 1934 wer foar it ljocht. Yn 2009 ûndergyngen de muorreskilderings in restauraasje.
De muorreskilderings stamme út likernôch 1350 en de 16e iuw. De koerbôge waard yn de 14e iuw dekorearre mei sirkels en dêryn de simboalen fan de fjouwer evangelisten, Sint-Kristoffel en Sint-Joaris. Yn it begjin fan de 16e iuw, noch foar de reformaasje, fersierden de master fan Elmelund en syn feinten de tsjerke mei op de Biblia Pauperum ynspirearre Bibelske foarstellings.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alter
-
Preekstoel
-
Doopfont
-
Fresko mei David en Goliat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Fanefjord Kirke
|