Elmelunde Kirke
Tsjerke fan Elmelunde
Elmelunde Kirke | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Sjælland | |
gemeente | Vordingborg | |
plak | Elmelunde | |
adres | Leonora Christines Vej 1, 4780 Stege | |
koördinaten | 54° 59'N 12° 24'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Roskilde | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e iuw | |
boustyl | Romaanske en goatyske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side Elmelunde Kirke | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Elmelunde (Deensk: Elmelunde Kirke) is in tsjerke yn Elmelunde, likernôch 8 kilometer eastlik fan Stege op it eilân Møn yn Denemark. De tsjerke is ferneamd om de yn de 19e iuw ûnder in wite kalklaach ûntdutsen 14e iuwske fresko's. Eastlik fan de tsjerke leit op it hôf in 20 by 3 meter grutte grêfheuvel.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsjerke fan Elmelunde is de âldste stiennen tsjerke op Møn. De tsjerke leit heech en de wytkalke tsjerke hat eartiids tsjinne as beaken. De tsjerke stamt út 1085, doe't dielen fan it hjoeddeiske skip en koer boud waarden. Yn de 6,5 meter hege muorren sieten lytse hege ramen. De tsjerke waard boud fan ferskillende soarten materiaal. Oan de noardlike kant fan de tsjerke is oan in fiskgraatpatroan it plak fan in eardere tagong te sjen. Fan it oarspronklike romaanske bouwurk binne allinne de lingtemuorren en de triomfmuorre oerbleaun.
Om 1200 hinne waard de tsjerke langer makke mei kleastermoppen. De oarspronklike frouljus- en- manljusyngong yn it noarden en suden waarden tichtmitsele en ferfongen yn de útwreiding fan de tsjerke. Dy yngongen binne noch altiten te sjen; de hjoeddeiske haadyngong leit op it súdwesten.
Mei de toer waard om 1300 hinne úteinset, mar de foltôging wie pas 200 jier letter. Doe waard ek it oarspronklike koer ôfbrutsen en ferfongen troch in nij koer. It portaal datearret út deselde tiid.
It oarspronklike balkesouder waard yn 1462 ferfongen troch ferwulften. Oan it begjin fan de 18e iuw folge de bou fan de sakristy, dy't letter ferdield waard yn in kapel en preesterkeamer. De wynwizer op de toer draacht it jiertal 1826.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It opmitsele wytkalke alter is fan kleastermoppen boud en stamt út it begjin fan de 16e iuw. De barokke opbou datearret út 1646 en waard skonken troch de dochter fan Kristiaan IV, Leonora Christina en har man Corfitz Ulfeldt. It sintrale tema is in foarstelling fan it Lêste Jûnsmiel, dat oan wjerskanten flankearre wurdt troch de bylden fan de evangelisten Markus en Jehannes. De opbou waard makke troch Henrik Werner.
Ek de preekstoel waard skonken troch it echtpear Ulfeldt. De preekstoel datearret fan 1649 en waard nei alle gedachten makke troch in learling fan de Deenske houtfiker Jørgen Ringnis.
It graniten doopfont út 1350 is oanfolle mei in foet út 1946 fan itselde materiaal en stamt oarspronklik út de Sankt Ib's Kirke fan Roskilde.
Yn de tsjerke hinget in model fan it yn 1946 boude skip Enhjørningen (Frysk: Ienhoarn).
Fresko's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de bou fan de tsjerke waard it ynterieur al fersierd mei fresko's, dêr't resten fan fûn binne op de muorren fan it skip. De nije ferwulften wiene yn 1465 foar in part dekorearre. Tsjin de ein fan de 14e iuw waarden de ferwulften lykwols hielendal oerskildere mei fresko's fan de saneamde master fan Elmelunde (Deensk: Elmelundemesteren). Ofbyld binne âld- en nijtestamintyske tema's en dêrnjonken wurde ek motiven út it deistich libben útbylde, lykas de jacht, it buorkjen ensafuorthinne. De romten wurde opfolle mei blommen, stjerren en bisten. Karakteristyk foar de fresko's fan de master fan Elmelunde binne de figueren mei sliepperige eagen.
De fresko's waarden yn 1885–1887 ûntdutsen troch de konservator fan it Nasjonale Museum J. Magnus Pedersen.
Ofbylden fresko's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sûndefal
-
Kristus as Rjochter
-
Oanbidding
-
Ule
-
Bernemoard
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Elmelunde Kirke
|