Springe nei ynhâld

Vordingborg (gemeente)

Ut Wikipedy
Vordingborg
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioSjælland
boargemasterMikael Smed
sifers en geografy
haadplakVordingborg
grutste plakVordingborg
ynwennertal46.087 (2018)
oerflak625,26 km²
skiednis
oprjochte2007
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidevordingborg.dk

Vordingborg is ien fan de santjin gemeenten op it Deenske eilân Sjælland.

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 yn it ramt fan de lanlike gemeentlike weryndieling troch de gearfoeging fan de âlde gemeente Vordingborg mei de trije eardere gemeenten Langebæk, Møn en Præstø.

De Masnedsundbrêge (Deensk: Masnedsundbroen) is in 201 meter lange brêge dy't Vordingborg en de rest fan Sjælland mei it eilân Masnedø ferbynt. Fan Masnedø út rint de ferbining oer de 3,199 meter lange Storstrømsbrêge út 1937 fierder nei de gemeente Guldborgsund op it eilân Falster. De Farø-brêgen (Farøbroerne) binne twa brêgen dy't yn 1985 troch keninginne Margrethe II iepene binne om de Masnedsundbrêge (Masnedsundbroen) te ûntlêstigjen. Se ferbine it eilân Sjælland by it plak Bakkebølle Strand oer it eilân Farø mei it eilân Falster De brêgen waarden yn 1985 iepene. Oer it eilân Farø rint ek in ferbining mei it eilân Bogø en Bogø hat ek noch in brêge nei it eilân Møn

Grutste plakken yn de gemeente[1]
NrPlaknammeYnwenners (2016)
1Vordingborg12.038
2Stege3.842
3Præstø3.891
4Nyråd2.517
5Ørslev1.901
6Stensved1.587
7Mern1.037
8Køng907
9Bogø 937
10Lundby838
Boarnen, noaten en/as referinsjes: