Ewa Sonnet

Ut Wikipedy
Ewa Sonnet
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Beata Kornelia Dąbrowska
nasjonaliteit Poalsk
berne 8 maart 1985
berteplak Rybnik (Poalen)
etnisiteit Poalsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, sjongster
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.3wasonnet.com

Ewa Sonnet, echte namme: Beata Kornelia Dąbrowska (Rybnik, 8 maart 1985), is in Poalsk neakenmodel, glamourmodel, sjongster en tillefyzjepersoanlikheid. Hja stiet benammen bekend om, en hat har karriêre fierhinne te tankjen oan, har (natuerlike) grutte boarsten. Hja wie foarhinne wurdfierster foar de Poalske webside Busty.pl.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sonnet waard yn 1985 berne yn Rybnik, in stêd yn it suden fan Poalen. Op 'e middelbere skoalle wie se, nei eigen sizzen, tige populêr by de jonges fanwegen har grutte boarsten. Nei de middelbere skoalle waard se 'ûntdutsen' troch in scout fan 'e Poalske seksyndustry, dy't har oerhelle om te wurkjen as neakenmodel foar de website Busty.pl. Sonnet sette yn oktober 2003 mei dat wurk útein, doe't achttjin jier wie. Dêrby posearre se topless foar fotoshoots en fideo's, mar net folslein neaken. Foar har nije karriêre ferhuze hja nei de Poalske haadstêd Warsjau.

Yn novimber 2005 posearre Sonnet foar it earst foar in papierren tydskrift. Dat wie it Poalske neakenblêd CKM. Yn it fraachpetear by dy fotoreportaazje sei Sonnet dat har boarsten poer natoer binne. Koarte tiid letter sette se útein mei in karriêre as sjongster, en yn jannewaris 2006 gie se op toernee troch Poalen. Dêrtroch waard se ek by in breder publyk bekend. Se posearre foar in ferskaat oan tydskriften en ferskynde op 'e Poalske radio en tillefyzje. Sa wie se op 11 desimber 2005 te gast yn it praatprogramma fan Kuba Wojewódzki op 'e stjoerder Polsat. Se waard yn maart 2006 sels ynterviewd troch it Amerikaanske radiostasjon KUSF út San Francisco.

Yn oktober 2006 brocht Sonnet har earste album út, mei as titel Nielegalna ("Yllegaal"). Yn novimber fan dat jier posearre se op 'e nij topless yn CKM. Teffens wurke se (as neakenmodel) mei oan 'e fideo Amateur All Stars, dy't útbrocht waard troch de Amerikaanske pornografyske webside Reality Kings. Oantigings út april 2007, dat Sonnet as prostituee wurkje soe yn 'e Britske haadstêd Londen, blieken ûnwier te wêzen. Letter yn 2007 die Sonnet mei oan 'e realitytillefyzjewedstryd Gwiazdy Tańczą na Lodzie, wêryn't bekende Poalen besochten en lear om te keunstriden. Sonnet en har partner, Łukasz Jóźwiak, foelen yn 'e twadde ôflevering ôf. Yn novimber datselde jiers posearre se foar de trêde kear yn CKM.

Yn maaie 2009 begûn Sonnet nije neakenfoto's en -fideo's fan harsels te publisearjen fia Busty.pl. Har eardere beweging by erotika wei en nei de muzykyndustry ta yn acht nommen, waard dat troch in protte waarnimmers beskôge as in draai fan 180° yn 'e rjochting fan har karriêre. Yn augustus 2013 lansearre Sonnet har eigen webside 3wasonnet.com. Yn jannewaris 2014 snie se alle bannen mei Busty.pl troch. Yn 2015 posearre se op har eigen webside foar it earst hielendal neaken, sûnder dat se de hannen foar har skamstreek hold.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ewa Sonnet is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike kupmaat 30J. Hja hat gjin piercings (útsein de wenstige gatsjes troch de earlellen) en likemin hat hja tatoeaazjes.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Julia Sonnet, in Poalse dy't bewearde Ewa Sonnet har jongere suster te wêzen, begûn yn juny 2006 mei in wurkpaad as neakenmodel.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

albums
  • 2006 – Nielegalna ("Yllegaal")
  • 2008 – Hypnotiq
singles
  • 2005 – ... I R'n'B
  • 2005 – C'est la Vie
  • 2006 – Niech Ta Noc Nie Końcy Się
  • 2006 – Nie Zatrzymasz Mnie ("Kinst My Net Tsjinhâlde")
  • 2007 – Cry Cry
  • 2008 – California

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch ûnder: References, op dizze side.