CKM (tydskrift)
CKM | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Poalsk | |
taal | Poalsk | |
sjenre | neakenblêd, manljusblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | 1998 – no | |
plak haadred. | Warsjau (Poalen) | |
útjouwer | Marquard Media Polska | |
ISSN | 1505-6562 | |
offisjele webside | ||
www.ckm.pl |
CKM is in Poalsk neakenblêd en manljusblêd dat bestiet sûnt 1998. De ôfkoarting 'CKM' stiet yn it Poalsk foar Czasopismo Każdego Mężczyzny, dat letterlik "Allemans Tydskrift" betsjut. Mar as men it yn lytse letters lêst, kin it ek betsjutte: ciężki karabin maszynowy, "swier masinegewear". Foar de ôfkoarting is ek in offisjele Ingelske betsjutting betocht: Cool Kind of Men.
Skiednis en profyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]CKM waard yn 1998 as tydskrift oprjochte troch útjouwerij Marquard Media Polska. It is in neakenblêd foar in manlik publyk, mei semy-eroatyske fotoreportaazjes fan froulju. Dêrnjonken is it blêd ek sterk rjochte op fermaak en feiten oangeande ûnderwerpen dy't manlju ynteressearje (sport, auto's, lifestyle, ensfh.). De toan is frijmoedich en provokatyf, mar giet ek serieus yn op earnstige ûnderwerpen.
Fan 1998 oant 2013 bestie der ek in Hongaarske edysje fan CKM, wêrby't de titel stie foar Céltudatos Kalandvágyó [Férfiak] Magazinja. In Servyske edysje bestie fan 2003 oant 2014, wêrby't de ôfkoarting stie foar Cice, Kola Medvedi. Beide bûtenlânske edysjes wiene útjeften fan Marquard Media.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |