Eve Angel
Eve Angel | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Eva Shine, Marina Mendoza, Eve, Katie, Daphne, Severine | |
echte namme | Eva Dobos | |
nasjonaliteit | Hongaarsk | |
berne | 19 maaie 1983 | |
berteplak | Boedapest (Hongarije) | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2001 – no | |
offisjele webside | ||
www.eveangelofficial.com |
Eve Angel, echte namme: Eva Dobos (Boedapest, 19 maaie 1983), is in Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise. Oare pseudonimen fan harres binne Eva Shine, Marina Mendoza, Eve, Katie, Daphne en Severine. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34B.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angel is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Se groeide op as de middelste yn in gesin mei trije bern; hja hat in trettjin jier jongere suster en in twa jier âldere broer. Fia in kammeraatske kaam se foar it earst yn oanrekking mei neakenfotografy. Dat liek har foar harsels ek skoan ta, mar om't se doe noch gjin 18 jier wie, moast se der in skoft mei wachtsje. Fuort nei't se yn 2001 mearderjierrich wurden wie, sette se útein mei te wurkjen as neakenmodel. Sa posearre se bygelyks foar neakenblêden as de Playboy, de Penthouse, Mayfair, Club International, Swank en Velvet.
Datselde jiers (2001) makke se ek har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 140 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Digital Sin, Private, Wicked Pictures, Jules Jordan Video en New Sensations. Yn 't earstoan spile se fral heteroseksuële sênes, mar letter skaaide har wurk hieltyd mear de lesbyske kant út. Yn in fraachpetear út 2012, mei regisseur Pierre Woodman, sei se dêroer dat se it foar de kamera nofliker fynt om mei oare aktrises te wurkjen, al jout se yn har priveelibben de foarkar oan manlju.
Yn 2006 krige Angel in priis fan it Viv Thomas Forum dat him taleit op lesbyske pornografy. Yn 2009 wûn se in Amerikaanske AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), yn 'e kategory bûtenlânsk artyste fan it jier. Njonken har aktearwurk runt Angel tegearre mei har broer in ûntwerpbedriuw.
Films (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● 2008 – Taste My Lips (Private)
● 2008 – Ladies of Pleasure
● 2008 – Young Harlots Dirty Secrets
● 2008 – Russian Institute: Lesson 10 (Vidéo Marc Dorcel)
● 2009 – La Femme Lovers
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2006 | Viv Thomas Award | wûn | bêste lesbyske sêne (mei Sandra Shine) | Pink Velvet 3: A Lesbian Odyssey |
2009 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Peaches) | Inside Peaches |
wûn | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Eve Angel
- (in) Biografy en filmografy fan Eve Angel yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Eve Angel yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|