Springe nei ynhâld

Mayfair (tydskrift)

Ut Wikipedy
Mayfair
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
taal Ingelsk
sjenre neakenfotografy
frekwinsje 1x de 4 wiken
bestean 1965 – no
plak haadred. Londen (Ingelân)
útjouwer Paul Raymond Publications
ISSN 0955-5552
offisjele webside
www.paulraymond.com

Mayfair is in Britsk neakenblêd dat oprjochte waard yn 1965, benammen om in lânseigen tsjinwicht te bieden oan 'e Amerikaanske Playboy en Penthouse. Hiel wat jierren hie it de grutste oplaach fan alle Britske neakenblêden. Behalven neakenfotografy befette Mayfair ek serieuze artikels oer "manljus"-ûnderwerpen, lykas auto's, treinen en sport. De modellen wiene yn 'e regel fan it type "buorfamke"; se holden ornaris út dat se soks noch nea earder dien hiene, en joegen omskriuwings fan harren deistich libben as tillefoniste, siktaresse, winkelfamke, of in soartgelikens berop.

Yn 'e jierren tachtich stiene der ek fotorapportaazjes yn Mayfair fan saneamde Page Three Girls, dy't earder op side trije fan 'e krante The Sun stien hiene, lykas Samantha Fox, Maria Whittaker en Linda Lusardi, mar dy giene ornaris net fierder as topless. Teffens hie Mayfair út en troch fotorapportaazjes mei in pearke (hoewol't der gjin seks oan te pas kaam) of mei twa of mear froulike modellen (al waarden lesbyske hannelings inkeld ymplisearre, ynstee fan toand).

Yn 1968 naam Mayfair it rivalisearjende blêd King oer. Yn 1982 kocht haadredakteur Kenneth Bound Mayfair fan 'e widdo fan oprjochter Brian Fisk. Yn 1990 waard it blêd ferkocht oan Paul Raymond Publications (PRP), dat acht fan 'e top tsien fan Britske neakenblêden op 'e merk bringt. Tegearre mei Club International wurdt Mayfair beskôge as ien fan 'e sjykste útjeften fan PRP. Fan 1990 ôf wurdt it blêd eltse fjouwer wiken útjûn, wat delkomt op trettjin edysjes jiers. De oername troch PRP late ek ta mear ekplisite neakenens op 'e ôfprinte foto's, dêr't glamûreuzere modellen foar brûkt waarden. Fierders waarden de serieuze artikels weismiten en ferfongen troch de pseudo-sjoernalistike oanpak fan 'e measte neakenblêden.

Under de bekende froulju dy't neaken yn Mayfair stien hawwe, binne de al neamde Page Three Girls Samantha Fox, Maria Whittaker en Linda Lusardi, en fierders Joan Templeton, de (lettere) frou fan miljonêr Richard Branson; sjongster Mel Appleby, de helte fan it ein jierren tachtich, begjin jierren njoggentich wrâldferneamde duo Mel en Kim; de Italjaanske sjongster Sabrina Salerno (bekend fan har hit Boys, Boys, Boys); en aktrise Lesley-Anne Down.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.