De Emporis Skyscraper Award is in priis dy’t sûnt 2000 elts jier útrikt wurdt oan de nije wolkekliuwer dy’t wat ûntwerp en funksjonaliteit oanbelanget de beste is. De priis wurdt útdield troch it Dútske bedriuw Emporis, dat gegevens byhâldt op it mêd fan heechbou.
Sûnt 2001 wurdt der njonken de gouden priis ek in sulveren en in brûzen priis útrikt.
Om nominearre te wurde foar de priis moat it gebou yn elts gefal 100 meter heech wêze, en it gebou moat yn it jier fan de útrikking oplevere wurde. De winner wurdt eltse jannewaris fan it neikommende jier bekend makke en inkele moannen letter wurdt de priis útrikt.