Eastlike rotsmûs
eastlike rotsmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apodemus mystacinus | ||||||||||||
Danford & Alston, 1877 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De eastlike rotsmûs (wittenskiplike namme: Apodemus mystacinus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn súdwestlik Aazje en guon oangrinzgjende dielen fan Jeropa. Mei de nau besibbe westlike rotsmûs (Apodemus epimelas) wurdt er soms yn 'e Karstomys-groep (fan 'e rotsmûzen) binnen it boskmûzeskaai pleatst. De rotsmûzen binne fierders it naust besibbe oan 'e Sylvaemus-groep (fan 'e wâldmûzen), dêr't û.m. de boskmûs (Apodemus sylvaticus) en de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) ta hearre.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike rotsmûs is yn Aazje lânseigen yn noardwestlik Iraan, noardlik Irak, Syrje, Libanon, noardlik en sintraal Israel, it Westjordaanlân, westlik Jordaanje, noardwestlik Saûdy-Araabje, Lyts-Aazje en súdlik Georgje. Yn Jeropa komt er foar op Kreta en guon Grykske eilannen yn 'e Egeyske See, wêrûnder Roados en Chios. De populaasje op 'e Balkan, dy't foarhinne ek ta de eastlike rotsmûs rekkene waard, wurdt no erkend as in selsstannige soarte: de westlike rotsmûs (Apodemus epimelas). Fan 'e eastlike rotsmûs binne fossilen bekend út Israel en fan it Grykske eilân Chios, dy't tebek geane oant it Midden-Pleistoseen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike rotsmûs jout de foarkar oan drûge, iepen bosken en strewelleguod, fral dêr't rotsen wat beskutting biede, yn heuveleftich terrein. Ek komt er wol foar by muorkes om greiden hinne.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastlike rotsmûs is grutter en grizer fan kleur as de measte oare boskmûzesoarten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 10-13 sm, mei in ringe sturt dy't ûngefear like lang is (10-14 sm) en in gewicht fan 28-56 g. Hy is sânkleurich griis op 'e rêch en witich op 'e bealch. Oars as guon boskmûzesoarten (lykas de boskmûs en de grutte boskmûs) hat er gjin kleure plak op it boarst. De eastlike rotsmûs hat fierders langere snorhierren as de measte oare boskmûzen, dy't sa'n 4⅔ sm lang wurde kinne. Ek syn earen binne frij grut, 1⅔-2⅛ sm lang.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Boskmûs
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkije