Earstegraads besibskip
In earstegraads besibskip of earstegraads sibskip is de bân fan bloedsibskip dy't men mei beskate direkte leden fan jins famylje ûnderhâldt. Dêrby giet it om 'e relaasjes mei jins âlden (heit en mem), siblings (broer en suster) en bern (soan en dochter). Earstegraads besibskip oerlapet fierhinne it gesin, mar dan sûnder jins oarehelte. Ek net-biologyske, sosjaal bepaalde famyljebannen, lykas mei styffamylje of mei leden fan in pleechgesin of in adopsjegesin, binne hjir fansels fan útsletten. Likemin hearre healbruorren en -susters ta earstegraads famyljeleden. Mei earstegraads famylje dielt men 50% (âlden, bern) of 100% (bruorren, susters) fan jins genetysk materiaal. Dêrom wurdt yn 'e genêskunde faak neifraach dien nei de medyske skiednis fan earstegraads famyljeleden om it risiko op sykten fêst te stellen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |