E Street Band

Ut Wikipedy
E Street Band
band
De E Street Band by Bruce Springsteen's Working on a Dream Tour 2009, Valladolid, Spanje
De E Street Band by Bruce Springsteen's Working on a Dream Tour 2009, Valladolid, Spanje
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1972 - No
âld-leden Clarence Clemons saksofoan (1972-2011) †,
Danny Federici oargel & akkordeon (1972-2008) †
leden
Gitaar Steven Van Zandt
Gitaar Nils Lofgren
Gitaar Patti Scialfa
Toetsen Roy Bittan
Bas Gary Tallent
Drums Max Weinberg

De E Street Band is in Amerikaanske Rockband en begeliedingsband. Hja trede al sûnt 1972 op tegearre mei Bruce Springsteen.

De E Street Band ûntstie yn oktober 1972, mar krige pas yn septimber 1974 offisjeel dy namme. De namme is ôflaat fan "E Street" yn Belmar yn New Jersey, dêr't ien fan de doetiidske muzikanten (keyboardspiler David Sancious) opgroeid wie en dêr't de band sa no en dan yn de garaazje fan syn mem repetearje mocht. Yn 1989 gie de band útinoar, yn 1995 wie der in koarte weroplibbing en yn 1999 folge in weroprjochting, wêrnei't de band oant hjoed de dei (2017) ta bestiet.

Twa fan de oarspronklike bandleden binne ûnderwilens ferstoarn: Danny Federici yn 2008 en Clarence Clemons yn de simmer fan 2011.

De band hat yn it ferline ek mei oare artysten optreden, ûnder oaren: Bob Dylan, Meat Loaf, Neil Young, Lou Reed, Bonnie Tyler, Air Supply, Dire Straits, David Bowie, Peter Gabriel, Stevie Nicks, Tom Morello, Sting, Ian Hunter, Ringo Starr, Ray Davies, Ronnie Spector, Gary U.S. Bonds, Darlene Love, Southside Johnny, The Grateful Dead, Santana, Lucinda Williams, Steve Earle, Emmylou Harris, Tracy Chapman, Lady Gaga en Aretha Franklin.

Gearstalling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeistige E Street Band[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Roy Bittan
  • Nils Lofgren
  • Patti Scialfa
  • Garry Tallent
  • Steven Van Zandt
  • Max Weinberg

Yn memoriam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Clarence Clemons
  • Danny Federici

Oanfoljende leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Soozie Tyrell
  • Charles Giordano

E street coir[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Cindy Mizelle
  • Curtis King
  • Michelle Moore
  • Everett Bradley

E street horns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ed Manion
  • Jake Clemons
  • Curt Ramm
  • Clark Gayton
  • Barry Danielian

Eardere E-streeters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Vini Lopez
  • David Sancious
  • Ernest Carter
  • Suki Lahav

Toernees[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Born to Run, 1974-1977
  • Darkness Tour, 1978-1979
  • The River Tour, 1980-1981
  • Born in the U.S.A. Tour, 1984-1985
  • Tunnel of Love Express Tour, 1988
  • Amnesty International Human Rights Now! Tour, 1988
  • Reunion Tour, 1999-2000
  • The Rising Tour, 2002-2003
  • Vote for Change, 2004
  • Magic Tour, 2007-2008
  • Working on a Dream Tour, 2009
  • Wrecking Ball Tour, fan 2012 ôf
  • The River Tour, 2016