Dire Straits
Dire Straits wie in Britske rockgroep (1977-1988, 1991-1995) mei as foaroanman Mark Knopfler. De band is bekend wurden mei nûmers as Sultans of Swing, Private Investigations, Brothers in Arms en Money for Nothing.
De band hie fuortendaliks grutte súksessen mei it debútalbum Dire Straits en de single Sultans of Swing. Yn 1985 ferskynde Brothers in Arms, ien fan de earste folslein digitaal opnommen platen. It album is mei 269 wiken yn de Nederlânske Album Top 100 it langst notearre album fan alle tiden, al sieten der wol gatten tusken de wiken.
Nei 1995 hat Dire Straits neat nijs mear útjûn en wie der noch ien optreden.
Dire Straits en Mark Knopfler ferkochten meiïoar mear as 120 miljoen albums en singles.[1] Yn Nederlân ferkocht de band goed 2,5 miljoen platen.[2]
Besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|