Dreamweaver's Dilemma (novelle)
Dreamweaver's Dilemma | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | science fiction | |
skreaun | 1982 | |
1e publikaasje | 1996, Boston | |
oarspr. útjwr. | NESFA | |
bondel | Dreamweaver's Dilemma | |
rige | ||
rige | The Vorkosigan Saga | |
● foarich diel | — (1e diel) | |
● folgjend diel | Falling Free |
Dreamweaver's Dilemma is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel kin oerset wurde as "It Dilemma fan 'e Dreameweefster". De novelle, dy't skreaun yn it personele perspektyf, makket diel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste romansearje, mar kin sûnder beswier los fan 'e oare dielen lêzen wurde. Dreamweaver's Dilemma waard foar it earst útjûn yn 1996, as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel dy't ek Dreamweaver's Dilemma hiet. De novelle waard yn 2012 fannijs publisearre yn Proto Zoa, in ferhalebondel yn 'e foarm fan in e-boek.[1]
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dreamweaver's Dilemma is in novelle dy't Bujold yn 1982 by wize fan oefening skreau, foarôfgeande oan wat se sels as har serieuze skriuwkarriêre beskôget.[2] It stiet de skriuwster noch skoan by dat it op Thanksgiving Day 1982 wie, by in besyk oan har âldelju, dat se by wize fan it útprebearjen fan in nij stik 'boartersguod' in pear alineä's typte op har heite nije typmasine. Dat wiene de earste (sij it letter fuortredigearre) wurden fan Dreamweaver's Dilemma.[3]
As eftergrûn foar dizze novelle brûkte Bujold it lânskip fan East-Afrika mei de byhearrende ekology, dêr't se mei bekend rekke wie ûnder in stúdzjereis dy't se dêrhinne makke hie yn 'e tiid dat se noch biology studearre oan 'e Steatuniversiteit fan Ohio te Columbus. Se kaam fan dy reis thús mei mear as achthûndert dia's fan ynsekten dêr't se letter nea wer wat mei dien hat, oant se Dreamweaver's Dilemma skreau.[4] Dat hat skriuwen neffens Bujold foar op oare profesjes: "sels jins falen kin men gewoan fan sizze dat it noch ûnbewurke materiaal is."[5]
Dreamweaver's Dilemma is it iennichste ferhaal út it Vorkosiversum (it hielal fan The Vorkosigan Saga) dat net op 'e nij útjûn is yn 'e jierren 2000, doe't útjouwerij Baen Books omnibusferzjes fan dy searje op 'e merk brocht. No stiet it ek bot op himsels. De bân dy't it mei de rest fan The Vorkosigan Saga hat, is dat Bêta Koloanje, de thúsplaneet fan Miles Vorkosigan syn mem, deryn neamd wurdt, en teffens immen mei de namme Naismith (de famkesnamme fan Miles syn mem), dy't nei alle gedachten in fiere foarâlder fan Miles wêze moat.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dreamweaver's Dilemma spilet op in takomstige Ierde, likernôch sân- oant achthûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, as de minsklike kolonisaasje fan 'e romte noch grutdiels begjinne moat en de manipulaasje fan it minsklik genoom noch fierhinne yn 'e berneskuon stiet. It is in thriller mei as haadpersoan de keunstneresse Anias Ruey, dy't tsjin betelling dreamen wevet foar oaren. Hja komt yn 'e swierrichheden as se fan 'e glûpske abbekaat Rudolph Kinsey in lukratyf salaris akseptearret om in gewelddiedich senario te dreamweevjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Lang wit Anias de ymplikaasjes fan wat eins in nachtmerje is, fan har ôf te setten en har te konsintrearjen op it wurk dat har jildneed ferlichtsje moat. Se lûkt har werom op it lângoed fan har freon Chalmys DuBauer, in pinsjonearre âld-kaptein fan romteskippen, dêr't se har foar alle ôfliedings ôfslute kin. Sa wevet se yn fjirtjin dagen tiid in dream dy't in masterwurk wêze soe as de ynhâld net sa horroreftich wie. Hoewol't Kinsey har út en tenei op it hert drukt hat dat se mei nimmen oer de opdracht prate mei, luchtet Anias har hert oan Chalmys, dy't it mei har iens is dat it in aparte saak is.
Op 'e weromreis nei har wenplak Rio de Janeiro rekket Anias har bagaazje wei. Nei't se lange tiid de lju op 'e lofthaven fan Rio op 'e hûd sitten hat, komme de koffers foar 't ljocht yn in stil hoekje fan 'e oankomsthal. As se thúskomt, kin se har dreamsynthesizer nearne fine. Dat is it rottekrûddjoere apparaat dat se brûkt om dreamen te weevjen yn ferbining mei de ymplantaten yn har harsens. Nei't Kinsey by har thús west hat om it produkt ôf te heljen, dûkt de synthesizer op ûnder har bankstel. Anias, dy't gauris wat kwyt is, tinkt dêr eins neat fan, mar fanwegen Chalmys syn rie om op har tellen te passen, beslút se it apparaat mei de bylevere testkit proefdraaie te litten ear't se it op har harsens oanslút. As sawol synthesizer as testkit troch slimme koartsluting folslein trochbrâne, begjint Anias te fermoedzjen dat der opset yn 't spul is en dat Kinsey har út 'e wei romje wol.
Se keart werom nei Ohio, dêr't se mei Chalmys in plan makket om Kinsey yn 'e fâle te lokjen troch harsels as lokies te brûken. As der berjochten yn 'e media ferskine dat de ferneamde dreamweveresse Anias Ruey har tydlik yn Ohio op it lângoed fan in freon weromlutsen hat, dûkt yndie Kinsey yn Ohio op. Chalmys wit de man sa ûnder druk te setten dat er alle bekent. Syn wiere namme is Carlos Diaz, en hy is yndie in abbekaat, dy't yn 'e earm nommen is troch in dr. Bianca, in ryk yndustrieel, om by Anias in dream nei it fêststelde senario te bestellen. It salaris dat Bianca dêrfoar oan Anias betelje woe, wie lykwols tefolle ferlieding foar Diaz, dy't op eigen manneboet de betelling omsette yn in sjek dy't op fertoaning by de bank ine wurde koe. Syn plan wie om Anias om te bringen ear't sy dat dwaan koe, de sjek te bemachtigjen en dy dan sels te ynjen. Diaz wurdt nei syn bekentenis oan 'e autoriteiten oerdroegen.
Hoewol't dr. Bianca dus neat te krijen hie mei it besykjen om Anias út 'e wei te romjen, is Anias der sa njonkelytsen fan oertsjûge rekke dat er wat aakliks mei de dream fan doel is. As sy en Chalmys harren ferdjipje yn wat der oer Bianca bekend is, docht bliken dat de man mar fan ienfâldich komôf is en syn foaroansteande posysje wûn hat troch mei de dochter fan syn baas te trouwen. Anias fermoedet dat Bianca syn frou ta selsmoard driuwe wol troch har, sûnder dat sy it sels trochhat, nacht nei nacht de dream fan Anias dreame te litten. By har dea soe hy al har besit ervje, de sizzenskip oer har bedriuw ynbegrepen. De plysje fan Rio kin harren yn dizze saak net helpe, om't der gjin wetten binne tsjin "moard troch it opkringen fan in dream", mar resjersjeur Mendez stimt der wol yn ta om tegearre mei Anias op besite te gean by Bianca. As se dat dogge, jout Anias oan dr. Bianca it jild werom en freget him om yn ruil dêrfoar har dream werom te jaan. Bianca akselet tsjin, mar troch Mendez syn talint om der yntimidearjend út te sjen sûnder wat te sizzen, wol er úteinlik wol omlyk en kriget Anias har kreaasje werom, dy't se by thúskomst prompt ferneatiget.
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Russysk (Pljetjeľščica Snov), fert. A. Novikov, 1999
- Bulgaarsk (Dilemata na Sănopletačkata), fert. Z. Petkov, 2009[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|