Donatius en Rogatius
Donatius en Rogatius | ||
![]() | ||
![]() | ||
Byld fan de bruorren yn de Eglise Saint-Donatien, Orléans. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
berteplak | Nantes | |
stjerdatum | 289 of 304 | |
stjerplak | Nantes | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerken | |
hjeldei | 24 maaie |
Donatius en Rogatius (Frânsk: Donatien et Rogatien), ek bekend ûnder les Enfants Nantais, binne twa hilligen, dy't yn Frankryk fereare wurde. Hja wiene twa bruorren, dy't yn 'e tiid fan 'e Romeinske keizer Maksimianus de martlerdea ferstoaren om't hja wegeren harren leauwe op te jaan. Harren feestdei falt op 24 maaie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 5e-iuwsk dokumint "De Passy fan 'e Bern fan Nantes" tsjûget fan it libben fan 'e twa bruorren en foarmet de basis foar alle lettere ferhalen, dy't oare ynformaasje oan 'e hagiografy tafoegen, lykas de tradysje dat de twa bruorren út in ferneamde Armoarikaanske famylje stamden.
Oannommen wurdt dat Donatius en Rogatius soannen wiene fan 'e earste magistraat fan Nantes. De jongste soan, Donatius, waard mooglik troch Similien doopt, de tredde biskop fan Nantes. Hy soarge der foar dat ek syn âldere broer Rogatius him bekearde ta it kristendom. Harren âldershûs, in gallo-romeinske filla, stie op it plak fan 'e hjoeddeiske Donatius- en Rogatiusbasilyk. Neffens it gebrûk waarden de beide bruorren op dat plak begroeven.
Nei't ûntdutsen wie dat de beide bruorren it kristlike leauwe oanhongen waarden hja arrestearre en moasten hja foar de keizerlike prefekt ferskine. Sa't dat faker barde moasten de arrestanten offerje foar Romeinske goaden, mar sawol Donatius as Rogatius wegere op dat befel yn te gean. Der folge in lijenswei en dy nacht fertelde Rogatius syn broer dat it him slim yn 'e wei wie dat er stjerre soe sûnder doopt te wêzen. Donatius stelde syn broer gerêst en ûnthiet him dat it bloed fan syn martlerskip it sakramint fan 'e doop ferfange soe.
Yn 'e moarntiid fan 24 maaie 289 of 304 waarden Donatius en Rogatius troch in Romeinske tsjinder ûnthalze. Neffens it ferhaal wie dat op it plak bûten de stedsmuorren, op it tsjintwurdige adres 63 rue Dufour oan 'e âlde dyk nei Parys, net fier fan 'e oan 'e twa bruorren wijde basilyk.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Donatius en Rogatius wurde fral fereare yn it westlik streamgebiet fan 'e Loire oant de stêd Orléans ta. Sintra binne Orléans, Plougastel-Daoulas, Ambleville, Laval, Angers, Tours, Chartres en (troch misjonarissen út Nantes) plakken yn Kanada en Oseaanje.

Doe't de kristenferfolgings foarby wiene, waarden de omskotten fan Donatius en Rogatius opgroeven en yn in moarmeren tombe lein, dy't bewarre is en ek tsjintwurdich yn 'e basilyk fan Nantes in sintraal plak ynnimt.
Fanwegen de ynfallen fan 'e Wytsings ferhûzen de reliken fan 'e bruorren eartiids fan Nantes nei Orléans. Doe wreide de ferearing fan 'e bruorren him út nei it eastliker lizzende streamgebiet fan 'e Loire. Ek tsjintwurdich hat Orléans noch in oan Donatius wijde tsjerke. Yn 1092 ferhûzen de reliken nei de katedraal fan Nantes en waarden se yn in relykhâlder fan goud en sulver bewarre, dy't nei de Frânske Revolúsje ferfongen waard troch in houten relikwarium.
It plak oan 'e Rue Dufour, dêr't Donatius en Rogatius yn Nantes eksekutearre binne, wurdt hjoed-de-dei mei in monumint fan twa krusen betocht.
De bylden fan Donatius en Rogatius siere it haadportaal yn 'e narteks fan 'e katedraal fan Nantes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Frânktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Donatien de Nantes
|