Domtsjerke fan Odense
Domtsjerke fan Odense | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
plak | Odense | |
adres | Klingenberg 18 | |
koördinaten | 55° 23' N 10° 23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Fún | |
patroanhillige | Sint-Knût | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1280-1499 | |
boustyl | Bakstiengotyk | |
Webside | ||
Hiemside bisdom Hiemside domtsjerke | ||
Kaart | ||
De Domtsjerke fan Odense of de Sint-Knûtsjerke (Deensk: Odense Domkirke, Sankt Knuds Kirke) is de biskopstsjerke fan it lutherske bisdom Fún yn Denemark.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al foar it jier 988 waard in bisdom mei de namme Othinia (it hjoeddeiske Odense) as in suffragaan bisdom fan Hamburch-Bremen stifte. Dat bisdom omfieme ek e súdlike Deenske Eastsee-eilannen. Yn 1072 waard it bisdom ûnder jurisdiksje fan Roskilde set, mar al gau waard it dêrnei yndield by it aartsbisdom Lund.
Op 10 july 1086 waard kening Knût mei syn broer Benedikt en gefolch fan 16 man troch opstannelingen yn 'e Sint-Albanitsjerke fermoarde, in houten tsjerke eastlik fan 'e hjoeddeiske domtsjerke. Neffens de oerlevering fûnen der by it lettere grêf fan 'e kening mirakels plak en fjirtjin jier letter waard de kening hillich ferklearre.
Dy earste Sint-Albanitsjerke stie wat noardeastlik. De trijeskippige houten krúsbasilyk mei in oerwulfde krypte koe troch argeologysk ûndersyk foar in grut part lokalisearre wurde. Oer de westlike ôfsluting mei ien of twa tuorren bestiet lykwols ûndúdlikens. Nei de hillichferklearring fan kening Knût yn 1101 waard súdwestlik fan de Albanitsjerke úteinset mei de bou fan 'e stiennen foargonger fan 'e hjoeddeiske domtsjerke. It wie it doel dat it gebou hast like grut wurde soe as de doe úteinsette bou fan de dom fan Lund. De tsjerke wie yn 1095 sa fier, dat de resten fan Knût yn 'e krypte lein wurde koene, dus noch foar syn hillichferklearring op 10 july 1100.
De tsjerke wie yn 1122 foltôge en waard oan Sint-Knût wijd. Krekte ynformaasje oer it oansjen fan 'e tsjerke is net bekend. In stedsbrân ferneatige Odense yn 1247 en dat hat nei alle gedachten ek de reden west om in nije, de hjoeddeiske, tsjerke te bouwen. Mei de bou fan de goatyske tsjerke waard lykwols pas yn 1280 begûn.
It bakstiennen gebou waard op de fûneminten fan 'e foargonger boud. Fan 'e romaanske foargonger waard de krypte oernommen.
Ynearsten waarden it skip en it koer boud, wylst it âlde dwersskip stean bleau. Healwei de 15e iuw waard ek it noch besteande dwersskip fan 'e foargonger ôfbrutsen en de tuskenromte waard brûkt om it nije skip oan it koer te bouwen, wêrtroch de tsjerke in hiel oar plan krige. De tsjerke waard op 30 april 1499 ynwijd.
Nei 1466 waard ek in begjin makke mei de bou fan in klokketoer, dy't pas 120 jier letter foltôge waard. Yn 'e toer hingje fiif klokken út 1300, 1597, 1677, 1767 en 1880.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It alter is in keunstwurk út 1521. It is ien fan 'e masterwurken fan de Lübecker houtfiker Claus Berg. It alter hat oerienkomsten mei it ek fan Berg makke alter yn 'e Marijetsjerke fan Wittstock (Dútslân). It alter stamt út de yn 1807 ôfbrutsen Fransiskanertsjerke.
By de lêste restauraasje fan 1870 waard de krypte wer iepene, dy't yn de tiid fan 'e reformaasje sletten waard. De resten fan Knût en Benedikt waarden ûnder it alter yn 'e buert fan 'e krypte bewarre.
In epitaaf ta neitins oan de yn 'e dom begroeven Christoph von Dohna wurdt oan Willem van den Blocke taskreaun.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De barokke oargelkas datearret út it jier 1756 en waard troch Amdi Worm boud. Efter de oargelkas stiet in ynstrumint fan Marcussen & Søn, dat yn trije fazes opboud waard. Mei it oargel waard yn 1862 begûn, yn 1935 waard der fierder wurke, mar in grut part fan it oargel giet op it jier 1965 werom. It oargel telt hjoed-de-dei 57 registers op fjouwer manualen en pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|