Springe nei ynhâld

Doecke Martena fan Burmania

Ut Wikipedy
Tekening fan it grêfmonumint fan Doecke Martena fan Burmania en de frou
Print fan Andries van Calfsbeek neffens tekening fan Albert Martin

Doecke (Duco) Martena fan Burmania (Koarnjum, 1627 - Ysbrechtum, 14 desimber 1692) wie in grytman út it laach Fan Burmania. Doecke wie in soan fan Sjuck fan Burmania en Catharina Evertsdr Entens fan Menthada.

Under de namme Duco Martna a Burmania waard hy op 21 novimber 1644 studint oan de Universiteit fan Frjentsjer. Op 22 jannewaris 1647 waard hy grytman fan Wymbritseradiel, yn 1671 joech er dat amt oer. Neidat er earst yn Snits wenne hie wenne er yn Koarnjum op Martenastate en letter op Epemastate yn Ysbrechtum.

By syn doop yn Koarnjum krige er fan syn âlden Martena as tanamme omt it laach Martena útstoarn wie. Syn namme en dy fan syn frou kamen yn 1664 op de tsjerkeklok fan Ypekolsgea. Op it grêfmonumint yn Ysbrechtum steane de 16 kertieren fan syn betoerpake en beppe, nammentlik Burmania x Ydsma, Aylva x Thema, Douma x Burmania, Hottinga x Martena, Enthens x Dulcken, Panser x Canter, Martena x Camstra, Oenema x Wyboltsma.

Doeke wie troud mei Edwert Gerroltsdochter fan Juckema, ek Eduarda. Hja waard berne yn 1627 as dochter fan Gerrolt fan Juckema en Tieth fan Douma. Se krigen nei har ferstjerren yn Ljouwert op 3 febrewaris 1682 in grêfmonumint yn de tsjerke. Har namme en dy fan har man waarden yn 1647 op de tsjerkeklok fan Abbegea set, mei as fermelding dat se doe beide tweintich jier âld wiene. Op it grêfmonumint yn Ysbrechtum steane de 16 kertieren fan har betoerpake en beppe, nammentlik Juckema x Mockema, Roorda x Galama, Cammingha x Herema, Ockinga x Roorda, Douma x Camstra, Starkenborgh x Caters, Douma x Burmania, Burmania x Stenstera.

Ut dit houlik kamen:

  • Titia fan Burmania, doopt yn Ljouwert op 1 desimber 1647, ferstoarn op 22 novimber 1685. Se waard op de leeftyd fan 38 jier begroeven yn Westernijtsjerk. Har namme en dy fan har man waarden op 18 april 1675 op in jûnsmielbeker yn de tsjerke fan Westernijtsjerk settten. Se troude mei Binnert Heringa fan Groustins, riedshear by it Hof fan Fryslân en grytman fan Ferwerderadiel (1672-1679). Hy wenne op Jeppemastate yn Westernijtsjerk.
  • Knier fan Burmania, doopt yn Snits op 3 oktober 1649.
  • Ruurd Gerrolt Juckema fan Burmania (Snits, 26 febrewaris 1651).
  • Sjuck Gerrolt Juckema fan Burmania, doopt yn Koarnjum op 19 april 1652
  • Teake (Taco) fan Burmania (9 oktober 1653 1705). Teake wie legerkaptein en grytman fan Doanjewerstâl fan 1688-1705.
  • Doeke (Duco) fan Burmania, doopt yn Ljouwert op 15 febrewaris 1656
  • Bartholt Idzert fan Burmania (1657-1675)
  • Helena fan Burmania, doopt yn Koarnjum op 6 maart 1659.
  • Frouck fan Burmania (1660-1702). Frouck troude mei Willem Ernstes fan Haren (1655-1728)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: