Albert Martin
Appearance

Albert Martin (Amsterdam, 17 septimber 1827 - dêre, 7 jannewaris 1900) wie in skilder en tekener.
Hy waard yn 1848 tekenmaster yn Ljouwert. Foar it Frysk Genoatskip makke er in soad topografyske tekeningen (fan grêfsarken, sa'n sechtich bûtenpleatsen en safuorthinne.)[1] Desennialang wie Martin de fêste tekener fan it Genoatskip. Mear as 1200 fan dizze tekeningen binne tsjintwurdich yn de kolleksje fan it Frysk Museum. It museum bewarret ek in pear skilderijen, wêrûnder in ateliergesicht. Teffens is in protte fan syn wurk te finen yn it Frysk Fotoargyf fan Tresoar.
- De Kânselarij troch A. Martin
- Akwarel Kingmastate troch A. Martin
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|