Springe nei ynhâld

Ditzumerhammrich

Ut Wikipedy
Ditzumerhammrich yn it Reiderlân

It dykstreekdoarp Ditzumerhammrich heart ta it Ortschaft Dollart yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân.

It doarp leit oan in dyk dy't yn noard-súdlike rjochting rint. It doarp grinzget yn it suden oan Ditzumerverlaat en yn it noarden oan de gemeente Jemgum by Ditzum dêr't in part fan it doarp ûnder falt. It doarp leit oan wjerskanten fan de âlde seedyk út de fyftjinde iuw, dy't nei de grutte floed fan 1509 boud waard, doe't de Doalert syn wiidste omfieming berikte. De dyk beskerme Hatzumerfehn foar oerstreamings en hat hjoed-de-dei noch hieltyd in hichte fan wol twa meter boppe seenivo.

Yn it westen grinzget it doarp oan de Heinitzpolder, dy't yn de achttjinde iuw nei it drûchlizzen ûntstie. It eastlik lizzende polderlân leit 0,8 meter ûnder seenivo leit leger as it oanslike lân oan oare kant fan de dyk. Dêr rint it Ditzumer Sieltief dat as ûntwetteringskanaal foar it leech lizzende lân tsjinnet.

Yn in sûnt 1804 ûntwettere leechfeangebiet leit it Wynhamster Kolk, in gebiet mei in grutte fan 72 hektare, dat troch ferskate stoarmfloeden en de dyktrochbraken dy't dêrtroch feroarsake waarden, om 1715 hinne ûntstie. Yn de direkte omjouwing fan de Kolk leit in gebiet dat mei 2,50 meter ûnder de seespegel ien fan de leechst lizzende gebieten fan Dútslân is.

Yn 1409 waard Ditzumerhammrich foar it earst neamd as Ditzumer hammerke, itjinge himrik fan Ditzum betsjut. Himrik of hammerke yn dizze kontekst betsjut it gebiet fan it nij oanslike klaailân fan Ditzum. It nije gebiet waard yn erfpacht útjûn en sûnt 1818 ferkocht.

Yn de hege midsiuwen, foar it trochbrekken fan de Doalert wie it grutste part fan dat letter de Doalert waard in feangebiet en lei mooglik op it plak dêr't Ditzumerhammrich hjoed-de-dei leit it karspel Ditzumerwold. Nei alle gedachten gie it dêrby om it yn in parochyregister fan it bisdom Múnster neamde plak Dertsemawold dat troch it seewetter bedrige waard en as ferlitten beskreaun waard. It gie om in feandoarp dy't, lykas oare doarpen yn dat gea, yn de tsiende en alfde iuw ûntstie en yn de trettjinde of fjirtjinde iuw tsjerken bouden. Nei it opheffen fan it karspel hearde it doarp op tsjerklik mêd mank mei Ditzumerverlaat ta Ditzum. Dêr stie oant likernôch 1475 ek de boarch fan de aadlike famylje Wynham, hjoed-de-dei de Waterborg oan de Klosterlohne yn Ditzumerverlaat.

In part fan it ferdronken lân slike stadichoan yn de rin fan de iuwen oan en waard bedike.

Yn de Frânske tiid waard Ditzumerhammrich yn 1807 part fan it Nederlânske departemint Westeriems. Yn 1815 waard Eastfryslân part fan it Keninkryk Hannover en yn 1866 fan Prusen. Ditzumerhammrich en Ditzumerverlaat wiene oant 1852 part fan de gemeente Ditzum. Fan 1885 oant 1932 hearde it ta de Krite Weener yn de Prusyske provinsje Hannover, en dêrnei ta de lânkring Lier.

It dykdoarp bestie oant yn de tweintichste iuw benammen út lânwurklju, fiskers, boeren en hânwurklju. De measten libben yn earmoede. Yn de njoggentjinde iuw emigrearren likernôch 30 ynwenners nei de Feriene Steaten. Yn 1935 krigen 40 hûshâldings help troch de wurkferskaffing.

Yn 1966 waard de gearwurkjende gemeente Dollart oprjochte dy't út de doarpen Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Bunderhammrich, Heinitzpolder en Kanalpolder bestie. Yn 1973 waard dy gemeente in ienheidsgemeente en part fan de gearwurkjende gemeente Bunde, dy't sels op 1 novimber 2001 ta in einheidsgemeente omfoarme waard.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal
1823 624
1848 731
1871 785
1885 752
1905 831
Jier Ynwennertal
1925 710
1933 749
1939 703
1946 870
1950 858
Jier Ynwennertal
1956 720
1961 656
1970 628

Berne yn Ditzumerhammrich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opfallend is de wyn-wettermûne, in grûnsiler út 1804 mei in skroef fan Archimedes dy't oant 1957 yn tsjinst wie foar it ûntweeterjen fan it gea. Dêrnei naam in elektrysk gemaal dy taak oer.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ostfriesische Landschaft (Hrsg.): Kulturwege R(h)eiderland. Kulturhistorische Wanderungen in Ostfriesland und Groningen. Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2011, ISBN 978-3-940601-10-0, S. 64. Johann Schulte: Verlaat – (K)eine Chronik der ehemaligen Gemeinde Dollart. Feestútjefte yn it ramt fan it 250-jierrich bestean fan Ditzumer-Verlaat. Artline, * Harm Wiemann u. a.: Aus vergangenen Tagen: Chronik der Samtgemeinde Bunde. Hrsg.: Samtgemeinde Bunde. Selbstverlag, Bunde 1983.

Bunde
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
· · Berjocht bewurkje