Derk Roelof Mansholt

Ut Wikipedy
D.R. Mansholt

Derk Roelfs Mansholt (Ditzumerhammrich, 29 maart 1842Grins, 1 augustus 1921) wie in Grinslânske boer en politikus. Hy korrespondearre mei Multatuli en wie in skoftlang sympatisant fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aaltje Willems Dijkhuis

Mansholt waard berne in it Eastfryske part fan it Reiderlân, doe hearrende by it Keninkryk Hannover, as soan fan Ubbo Janssen Mansholt en Teetje Jochums Schmidt.[1] Yn 1866 ferhuze er mei syn âlden nei Eexta yn Grinslân. Trjie jier letter boaske er Aaltje Willems Dijkhuis en setten se útein mei harren eigen pleats yn Meeden. Nei syn naturalisaasje ta Nederlanner waard er lid fan de gemeenteried fan Meeden.

Oars as de measte grutboeren yn Grinslân wie Mansholt gjin liberaal. Hy wie foarstanner fan it algemien kiesrjocht en ûntwikkele him fan radikaal ta meistanner fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Hy stie foar it ôfskaffen fan priveegrûnbesit en wie mei-oprjochter fan de Bûn foar Lânnasjonalisaasje, dochs letter feroare er fan dat stânpunt en wie er gjin foarstanner mear fan lânnasjonalisaasje.

Yn 1874 begûn er te korrespondearjen mei Multatuli. Oanlieding dêrfoar wie in ynstjoerd stik fan Mansholt yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant oer de Atjehkriich.[2]

Ferkiezingsposter foar kiesdistrikt Amsterdam yn 1888

Hoewol't er polityk warber wie, wie Mansholt boppe alles boer. Hy wie autodidakt en socht hieltyd nei mooglikheden en ferheegje de produksje. Hy wie lid fan de Groninger Maatschappij van Landbouw en mei-oprjochter fan it Nederlandsch Landbouw Comité. Yn 1882 kocht er de pleats Torum. Syn broer, Jochem Helmers Mansholt, begûn in feredelingsbedriuw op Fletum, dat hjoed-de-dei noch hieltyd bestiet.[3]

Hy wie in stikmannich kear kandidaat foar de Keamerferkiezings, mar waard net ienris keazen.[4][5]

Hy ferstoar op 1 augustus 1921 yn Grins dêr't hy en syn frou sûnt 1906 wennen.[6] Mansholt krige seis bern. Twa fan syn bern, soan Lambertus Helbrig Mansholt en dochter Theda Mansholt, hawwe bliuwende spoaren efterlitten. De meast ferneamde neikomling is lykwols syn pakesizzer Sicco, soan fan Lambertus.[7]

Skaken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Groepsfoto fan S.G.Staunton fan om 1900 hinne. Steande tredde fan lofts is mooglik Mansholt.

Mansholt skaakte sûnt syn bernetiid mei syn broer. Hy wie de oprjochter fan de doarpsferienings Anderssen yn Meeden (1879) en De Marne yn Ulrum (1883). Mei Multatuli allyk mei Multatuli syn frou, spile er korrespondinsjeskaken.[8][9] Yn 1906 waard er lid fan skaakselskip S.G. Staunton yn Grins.[10] Dêr waard er yn 1908 oer Jan Frederik Heemskerk ferkeazen ta foarsitter, in funksje dy't er oant 1913 hie. Hy bleau oant syn ferstjerren lid fan de feriening.[11]

Bibliografy Derk Roelfs Mansholt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mijne zelfverdediging (1892)
  • Wat is de beste wijze van stalmestbewaring (1892)
  • De ontwerpplannen der Zuiderzee-commissie (Grins 1893)
  • De kanalisatie van Westerwolde, een practisch voorbeeld hoe in Nederland de woeste gronden ontgonnen moeten worden. Wynskoat (1894)
  • Internationale arbeidsverdeeling en de prijsvorming van het broodkoren (Sint-Anne 1896)
  • De stikstofvoeding der landbouwcultuurgewassen met U.J. Mansholt (Doardt 1900)
  • Vrijhandel, fiscaliteit of bescherming? (Grins 1904)
  • De donkere zijde van den handel (Grins 1907)
  • Vor einem halben Jahrhundert (Auwerk 1909)
  • Het bankroet van de vrijhandelsleer  (oersetting fan in boek fan Jules Domergue mei kommentaar troch Derk Roelfs Mansholt (1909)
  • Landbouwhuishoudonderwijs voor de vrouwelijke landbevolking. Rapport [mei J. Heidema en J.B. Westerdijk] (Grins 1910)
  • Het wetsontwerp op de afsluiting en indijking der Zuiderzee. Eenige kritische beschouwingen (Grins 1917)
  • Een en ander uit de geschiedenis der Groninger Maatschappij van Landbouw en Nijverheid. Vervolg 1913-1918 (Grins 1919)
  • De waterschapslasten in de diverse provincies
  • Bedijkingen van Hollandsche ondernemers aan den Dollard in het midden der vorige eeuw. Tijdschr. voor de volkstaal  (1916)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gezinskaart van Derk Roelfs Mansholt (1842-1921) Greets genealogie [1] op 2 jannewaris 2023, oproppen op 2 jannewaris 2023
  2. K. ter Laan Mansholt, Derk Roelfs Multatuli Encyclopedie (1995) argivearre op 31 jannewaris 2023, oproppen op 31 jannewaris 2023
  3. Heer en Mevrouw Mansholt-Dijkhuis De mensen van de strokarton argivearre op 31 jannewaris 2023, oproppen op 31 jannewaris 2023
  4. P.J. Meertens Albert F. Mellink Mansholt, Derk Roelfs BWSA (1986) argivearre op 24 maart 2023, oproppen op 24 maart 2023
  5. Mansholt, Derk Roelfs Multatuli Online [https://web.archive.org/web/20230201104158/ argivearre oo 1 febrewaris 2023-02-01, oproppen op 1 febrewaris 2023
  6. Marina van der Ploeg Derk Roelfs Mansholt: Herenboer en socialist yn De verhalen van Groningen [https://web.archive.org/web/20230131191855/https://www.deverhalenvangroningen.nl/alle-verhalen/derk-roelfs-mansholt-herenboer-en-socialist/ argivearre op 31 jannewaris 2023, oproppen op 31 jannewaris 2023
  7. Louis van KelckhovenMemoires van de opa van Sicco Mansholt, 'een geweldige vent' opnieuw gepubliceerd; vooruitstrevendheid zat in de familie yn Dagblad van het Noorden (28 july 2021) [https://web.archive.org/web/20230131191903/https://dvhn.nl/groningen/Memoires-van-de-opa-van-Sicco-Mansholt-een-geweldige-vent-opnieuw-gepubliceerd-vooruitstrevendheid-zat-in-de-familie-26961045.html/ argivearre op 31 jannewaris 2023
  8. brieven Multatuli.online oproppen op 2 jannewaris 2023 argivearre op 24 juny 2023
  9. Eduard Douwes Dekker |titel=5 januari 1880 Brief fan Multatuli oan D.R. Mansholt (5 jannewaris 1880) Volledige werken. Deel 20. Brieven en dokumenten uit de jaren 1879-1880, Multatuli (1989) [https://web.archive.org/web/20230201103640/https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu23_01/mult001gstu23_01_0085.php/argivearre op 1 febrewaris 2023
  10. Scholten, H.J.G.M. (1998), Het loopt ongenadiglijk mat: Het schaakleven in Nederland in de negentiende eeuw. De sociaal-culturele achtergrond van het ontstaan van schaakverenigingen, Bilthoven. argivearre op 25 jannewaris 2023.
  11. Peter Voerman Derk Roelfs Mansholt als voorzitter van schaakvereniging Staunton (9 februari 2023) [https://web.archive.org/web/20230321181001/https://voermanrahder.com/2023/02/09/derk-roelfs-mansholt-als-voorzitter-van-schaakvereniging-staunton/argivearre] op 21 maart 2023
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Derk Roelof Mansholt fan Wikimedia Commons.