Springe nei ynhâld

Dekemastate (Baard)

Ut Wikipedy

Dekemastate stie yn Baard yn de eardere gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel. Fan de state is neat werom te finen.

It hûs, mooglik in stins, waar boud yn de 14e iuw. Al yn 1303 wurdt de namme fan Juw Hettes Decama neamd, dy't dan mei fjochtet yn it leger fan greve Jan II. Syn soan Hette Juws Decama hie trije soannen, te witten Sytse, Hette en Juw. It lettere libben fan Sytse spile him ôf yn Weidum, dêr't ek in Dekemastate stie, mar de beide oaren wennen om 1400 yn Baard. De jonge Hette troude mei Wick Roorda en Juw hie in Rotterda as frou. Fan de sân bern fan Juw is it benammen Hette Juws, dy't it nijsgjirrichst is. Net omdat hy yn 1462 yn in gefjocht by it kleaster Ealsum (ûnder Jirnsum) sneuvele, mar mear omdat hy de heit wie fan de bekende Juw Hettes Dekema, dy't in wichtich plak ynnomd hat yn de Fryske polityk fan dy tiid.

Juw wie in skrander en fredeleavjend man, dy't der yn slagge bûten de twisten tusken Skieringers en Fetkeapers te bliuwen. Yn in besykje de twisten te beëinigjen waard hy yn 1494, ûnder lieding fan de keizerlik ‘boade’ Otto fan Langen, om dy eigenskippen en syn ûnpartijdichheid troch de Skieringers keazen as potestaat fan Fryslân. Tegearre mei 24 rjochters foarme hy de Hege Ried en allegear leinen se de eed fan trou ôf oan de keizer. Twa wiken letter komme de Fetkeapers gear en wegeren Juw te erkennen as potestaat, allinnich om it feit dat hy troch de Skieringers keazen wie. Nettsjinsteande syn skranderheid en ûnpartijdichheid slagge it Juw dan ek net om de beide partijen by elkoar te bringen. Om in ein te meitsjen oan dat geharrewar, seach keizer Maksimiliaan op it lêst gjin oare mooglikheid mear as Fryslân mar te ‘skinken’ oan de Hartoch fan Saksen, syn grutste skuldeasker. Dy moast dan noch wol, op eigen kosten, dat soadsje ûngeregeld dêr yn dy útoarde yn de stringen sjen te krijen. De koartsichtichheid fan de iuwenlang troch histoarisy as Fryske frijheidsstrider ophimmele Jancko Douwama, oanfierder fan de Fetkeapers, omtrent dizze beneaming fan Juw Dekema ta potestaat, hat úteinlik it deafûnis betsjutten foar de fryske frijheid. Jancko Douwama tekene dêrmei ek syn eigen deafûnis, want hy is letter yn de finzenis fan Vilvoorden ûnthalze.

Yn Baard wienen de gefjochten yn 1498 mei de komst fan de Hartoch fan Saksen noch lang net ôfrûn. Yn 1514 kamen de Fetkeapers en harren Gelderske ‘freonen’ ûnder lieding fan Paulus fan Gravestein by Baard en stutsen de Dekemastins yn de brân. Yn 1515 die de "Swarte Hoop", in binde lossleine soldaten fan de Hartoch fan Saksen dy't gjin soldij krigen hiene, dat nochris tintsjes oer. Yn 1523 stoar Juw fan Dekema yn syn hûs yn Frjentsjer yn de âlderdom fan 74 jier.

Yn 1950 fûn tsjerkefâd Nicolai op in ôffierput efter de beukerskoalle fan Baard noch twa bernesarkjes mei de nammen fan Juw Dekema en Hottinga en it jiertal 1480. Twa fan de bern fan Juw binne dus jong ferstoarn.

Nei de brân fan 1515 is de stins/state blykber op 'en nij boud, om't yn de "Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt" (1664) stiet: "Hier light de State Dekema/ alwaer geboortigh ende woonachtich gheweest is/ de laetste Potestaet Juw van Dekama".

  • om 1303 Juw Hettes Decama
  • Hette Juws Decama
  • om 1400 Juw Hettes Decama
  • oant 1462 Hette Juws Decama
  • oant 1523 Juw Hettes fan Dekema

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt, troch Chr. Schotanus (1664)
  • Baerderadiel, in geakunde, fan it Geakundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy
  • Stinzen yn Fryslân