Dekemastate (Weidum)
Dekemastate of Monnikhuys te Weidum, foarhinne gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel, lei yn de súdeastlike hoeke fan de Hegedyk en de Dekemawei. Fan de state is neat mear werom te finen. Op it stee fan de state leit tsjintwurdich de iisbaan. Yn Weidum is no in rêsthûs mei de namme "Nij Dekema".
De âldste fermelding fan in Dekemastins is fan 1199. De ‘stamstins’ fan de Dekema’s stie al fier foar 1200 yn Baard. De Dekema’s wiene ryk en de bern en pake- en beppesizzers swermen út oer Fryslân. Yn Weidum wenne doe de Jellumer Frans Dekema fan de Dekemastins ûnder dat doarp.
Under Weidum wie yn 1199 in stins boud troch muontsen fan it kleaster Lúntsjerk ûnder Midlum. De byhearende pleats waard lykas wenst beheard troch de konversen. De opbringsten moasten fansels ôfdroegen wurde oan it kleaster, mar dat kaam der net altiten fan. It besit oan lannen fan dit "Monnikhuys" wie grut en de opbringsten wienen der neffens. De hearen konversen hienen in brún libben en wiene ynklauwerich. In oantal jierren nei de bou fan de stins rekken se mei elkoar yn de slach oer it tsjerklik guod. Frâns jage de groep de stins út en naam sels de stins en it bestjoer oer Weidum oer.
De twadde Dekema dêr't wat oer bekend is, Hette Juws Dekema, wurdt in hûndert jier letter oer skreaun. Hy wie in soan fan de Juw Hettes dy't yn 1303 Baard ferliet en de wide wrâld yn sette. Hette hie blykber de knopen fan syn heit oan it jak, want yn 1341 siet hy mei it leger fan Loadewyk fan Beieren yn Eastenryk. Hy kaam sûn en wol wer thús, want yn 1370 wenne hy op Dekemastins yn Baard, mar hy ferstoar yn 1396 te Weidum. It is net dúdelik oft Hette dêr fan âlderdom stoarn is of sneuvele yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers, dy't doe krekt wer de kop op stuts. Sjoen syn leeftiid, hy sil doe dochs minstens 75 jier west hawwe, kin it de âlderdom west hawwe, mar sjoen syn manhaftige ferline is de twadde mooglikkeid it meast wierskynlik. De Dekema's hearden ta de Skieringers. Lykas de measte Skieringers hawwe se meiwurke oan it bewâld fan de Saksers en Karel V.
Nei it útstjerren fan de Dekema's is Dekemastate yn hannen fan ferskate famyljes west. Nei 1815 kaam it yn hannen fan de Fan Beyma's. Dy hawwe der in protte oan dien om Dekemastate net te fersleaukje te litten. Op 'en doer wie soks net mear te foarkommen. Yn wynhoas op 2 maart 1895 hat in ein oan de state makke, sloopt folge yn 1902.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- sa. 1210 Frans Dekema
- sa. 1350 Hette Juws Dekema
- 1396-1410 Sytse Dekema
- 1410-1457 Gaets Juws Dekema en har man Bokke Ages Harinxma
- 1457-1463 Hette Juws Dekema
- 1463-1480 Hette Hettes Dekema
- om 1517 Hette Juws fan Dekema
- Pieter Hettes fan Dekema
- ± 1663 Syds Julius fan Dekema
- 1710 Ernst Mockema van Harinxma thoe Slooten
- 1789 Ernst Frans van Aylva
- 1796 Johannes Caspar Schik
- oant 1898 familie Van Beijma
- Jhr. Egidius Daniël van Beijma (lêste eigener)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dekemastate op weidum.eu mei foto's
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|