Otto fan Langen
Otto fan Langen, in inkele kear mei de taheaksel: fan Bevervoorde, (1437/1438-1511), wie in Katolike kannunik en diplomaat. Yn de Fryske skiednis is hy bekend wurden troch syn ûndersiik foar de Roomske keizer Freark III oer de klachten tsjin it Grinzer optreden yn Westerlauwersk Fryslân.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Otto fan Langen wie ôfkomstich út in Twintsk aadlik laach. Syn heit Bertold fan Langen bewenne de havezate "Bevervoorde" by Rijssen yn Oerisel. Hy folge in geastlik wurkpaad dêr't ferskate funksjes troch him beklaaid waard. Neidat er ta pryster wijd wie, waard hy yn 1475 troch Freark III ûnderskieden mei de titel paltsgreve. It jier dêrop ferwurf er in plak yn it domkapittel fan Worms. Doe't er yn 1480 ynskreaun stie oan de universiteit fan Keulen as studint yn it kanonike rjocht wie hy tagelyk kannunik te Worms en proost fan it Sint Adelbertsstift te Aken. Yn lettere jierren beskikte Fan Langen oer noch ferskate oare prebenden. De wichtichste hjirfan wie it domkappitel fan Mainz dêr't hyn yn 1487 ynstallearre waard.
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1493 krige Fan Langen opdracht fan keizer Freark III nei Fryslân te kommen. Hy moast de klachten ûndersykje fan de Skieringers oer Grinslân dy't neffens de Skieringers mei har meiplichtigen (it Dokkumer ferbûn) misdieden en misdriuwen begien hienen wêrtroch de rjochten fan it Ryk en de Fryske ûnderdienen dêrfan beswiere wienen.
Troch Fan Lange waarden ferskate gearkomsten hâlden dêr't de belutsen partijen net altyd allegear by ien wienen. Op ien fan dizze gearkomsten krige de Friezen Fan Langen sa fier dat se in potestaat keazen yn de persoan fan Juw Dekema yn 1494. Otto makke tariedings foar de komst fan Albrecht fan Saksen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|