De Trije Geiten
De Trije Geiten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De Tre Bukkene Bruse | |
auteur | Peter Christen Asbjørnsen en Jørgen Moe | |
taal | Noarsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1841-1844 | |
bondel | Norske Folkeeventyr |
De Trije Geiten, yn it oarspronklike Noarsk: De Tre Bukkene Bruse, is in fan oarsprong Noarsk mearke. It waard optekene troch Peter Christen Asbjørnsen en Jørgen Moe yn harren bondel Norske Folkeeventyr, dy't yn dielen útkaam tusken 1841 en 1844. It is bekender yn 'e Ingelsktalige oersetting (foar it earst ferskynd yn 1859 yn 'e bondel Popular Tales from the Norse fan George Webbe Dasent), ûnder de titel fan The Three Billy Goats Gruff. Yn it Nederlânsk waard it oerset as De Drie Geiten. It mearke hat in "yt-my-as-der-mear-fleis-oan-my-sit"-plot, dy't yn it Aarne-Thompsonklassifikaasjesysteem oantsjut wurdt as type 122E. De Trije Geiten giet oer trije bokken dy't in troch in trol bewekke brêge oerstekke wolle.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mearke giet oer trije bokken, dy't yn guon ferzjes identifisearre wurde as soan, heit en pake of as bern, mem en heit, mar ornaris as bruorren fan ferskillende leeftiden. Harren efternamme is yn 'e oarspronklike Noarske ferzje fan it mearke 'Bruse'; yn 'e bekendere Ingelsktalige ferzje hjitte se 'Gruff', in namme dy't weromgiet op 'e alderearste oersetting nei it Ingelsk fan George Webbe Dasent.
As der oan harren kant fan in brede rivier gjin gers mear oer is om te iten, moatte de trije bokken oerstekke nei in mei wielderich gers begroeide greide dy't se oan 'e oare kant sjen kinne. De iennichste manear om dêr te kommen, is troch in brêge oer te stekken. Mar ûnder de brêge wennet in meunsterlike trol, dy't sa territoriaal is dat er eltsenien ferslynt dy't oer de brêge giet.
It lytste geitsje is de earste dy't oerstekt. Hy wurdt tsjinkeard troch de trol, dy't him opfrette wol. It fernimstige lytse geitsje wit de trol lykwols wiis te meitsjen dat er better wachtsje kin op syn gruttere broer, dy't efter him oan komt, want dy is grutter en dêr sil de trol folle mear oan hawwe. De trol lit him beprate en it jongste geitsje mei oerstekke.
De middelste geit folget syn jongere broer. Hy is foarsichtiger, mar ek hy wurdt tsjinholden troch de trol, dy't him fertelt dat er him opfrette wol. Ek dizze geit kin de trol mei wurden wol oer, dat hy seit tsjin him dat er der better oan docht om te wachtsjen op syn grutte broer, dy't efter him oan komt. Dy is folle grutter, dat dêr sil de trol pas echt in miel oan hawwe. Dat liket de trol skoan ta, dat hy lit ek de middelste geit oerstekke.
As de grutste geit de brêge oer wol, wurdt ek hy tsjinkeard troch de hongerige trol, dy't seit dat er him opfrette wol. Dizze bok is lykwols sa grut dat er it wol oandoar om in gefjocht mei de trol oan te gean. Dêrby stompt er mei syn hoarnen it meunster fan 'e brêge ôf, en de trol falt yn 'e rivier en wurdt fuortspield troch de sterke streaming fan it wetter. Fan dy tiid ôf is it feilich om 'e brêge oer te stekken. Alle geiten kinne dan frij hinne en wer reizgje tusken de greiden oan wjerskanten fan 'e rivier, en se libje noch lang en lokkich.
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fral yn 'e Angelsaksyske lannen is The Three Billy Goats Gruff in tige bekend mearke, en it is dan ek adaptearre ta in grut tal oare media, wêrûnder lieten, toanielstikken, tillefyzjeprogramma's en films. Ek yn 'e fantasyliteratuer wurdt gauris nei it mearke ferwiisd, bgl. yn It (1986) fan Stephen King, yn Lords and Ladies (1992) fan Terry Pratchett, en yn Small Favor (2008), it tsiende boek fan The Dresden Files fan Jim Butcher. Yn dat lêste boek kriget Harry Dresden, tsjoender en priveedetektive te Chicago, it oan 'e stôk mei in opienfolging fan gruffs, dy't, nei't er harren ferslein hat, hieltyd in noch gruttere broer stjoere om mei him ôf te weven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |