Springe nei ynhâld

De Skimmelruter

Ut Wikipedy
De Skimmelruter
algemiene gegevens
oarspr. titel Der Schimmelreiter
auteur Theodor Storm
taal Dútsk
foarm novelle
sjenre histoaryske novelle
1e publikaasje 1888, Berlyn
oarspr. útjwr. Gebrüder Paetel Verlag
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Skimmelrider
publikaasje 1928, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Eisma
oersetter Michiel Sjouke Elings Visser

De Skimmelruter of De Skimmelrider, yn it oarspronklike Dútsk: Der Schimmelreiter, is in histoaryske novelle en it magnum opus fan 'e Dútske skriuwer, dichter en abbekaat Theodor Storm (1817-1888). It ferhellet oer in dykgraaf yn Noard-Fryslân, en it ûnbegryp en de tsjinwurking dêr't dy mei meitsjen kriget as er syn nijmoadrige ideeën oangeande dykbehear en dikebouwen yn 'e praktyk bringe wol. Der Schimmelreiter, dat foar it earst publisearre waard yn 1888, wie it lêste wurk dat Storm foltôge, yn it jier fan syn ferstjerren. It is ek syn meast lêzen boek, en wurdt rûnom beskôge as in masterwurk. It is twaris yn it Frysk oerset, yn 1927 en 1990.

De haadpersoan is Hauke Haien, al hat de novelle in ramtferhaal wêrby't in skoalmaster út in lyts plakje yn Noard-Fryslân de eigentlike ferteller is. Haien is in boeresoan dy't in oplieding ta lânmjitter folge hat, mar no weromkommen is om syn heit op te folgjen. Der sit in bêste kop op, en hy leart himsels Nederlânsk, sadat er in âlde printinge fan in wurk fan Euklides lêze kin oer wiskunde en mjitkunde. Meitiid fettet er belangstelling op foar de seediken yn syn lânsdouwe, en begjint er him bygelyks ôf te freegjen wêrom't dy oan 'e seekant net minder steil makke binne, sadat se by stoarmen minder fan 'e weagen te lijen hawwe.

As de pleatslike dykgraaf Tede Volkerts ien fan syn feinten ûntslacht, biedt Haien oan om dy syn plak yn te nimmen. Volkert nimt it oanbod oan, en Haien makket him al rillegau ûnmisber by it ûnderhâld fan 'e diken; dat ta argewaasje fan Volkerts syn oare grutfeint, Ole Peters. De spannings tusken harren beiden boazje noch oan as Haien belangstelling begjint te toanen foar Volkerts syn dochter Elke, dêr't Peters ek in eachje op hat. Haien giet sels safier dat er har in oansiik docht, mar dat giet har te bot, dat se freget him om te wachtsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei it hommels ferstjerren fan sawol Haien syn heit as dykgraaf Volkerts moatte de doarpelingen in nije dykgraaf kieze. Haien die yn 't lêstoan eins al it wurk al sûnder dat er de funksje beklaaide, mar hy hat net genôch grûn om foar it amt yn oanmerking te kommen. Dan kundiget Elke ynienen oan dat sy har oan Haien fersein hat, en dat dy nei harren oansteande houlik Volkerts syn lân derby hawwe sil. Dêrmei binne de tradisjonelen tefreden steld, en Haien wurdt keazen ta dykgraaf.

Der wurdt yn it byleauwige doarp lykwols al gaueftich grute oer de skimmel dy't Haien beriidt. Guon lju wolle hawwe dat dat in weropstien hynsteskelet is dat foarhinne by êb sichtber wie oan 'e kust fan in lyts eilantsje deunby, mar dat no fuort is. Underwilens begjint Haien de feroarings en modernisearrings yn 'e praktyk te bringen dy't him altiten al foar eagen stiene, wêrby't er ta syn fernuvering te meitsjen kriget mei ûnbegryp en tsjinwurking. It spul berikt in klimaks as ferskate jierren letter by in stoarm de âlde diken trochbrekke en Elke en harren dochterke Wienke foar Haien syn eagen fuortspield wurde troch it woeste wetter. Yn it bywêzen fan 'e doarpelingen driuwt er dan yn uterste need syn skimmel de see yn, wylst er ropt: "Hear, nim my dochs, en sparje harren!"

De novelle einiget as de skoalmaster fertelt dat nei't it wetter sakke wie, it riedselige hynsteskelet wer te sjen wie op it eilantsje foar de kust. Hauke Haien syn nije dyk stie noch, en hie tûzenen it libben rêden, en noch withoefolle mear yn 'e hûndert jier dy't ûnderwilens sûnt Haien syn tragyske dea ferflein binne. Mar noch wolle guon âldere doarpelingen hawwe dat men op stoarmnachten soms in spûkige ruter op in skimmel oer de seediken riden sjen kin.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der Schimmelreiter is twaris yn it Frysk oerset (tink om it ferskil tusken de titels). De earste fertaling, De Skimmelrider, dy't fan 'e hân fan Michiel Sjouke Elings Visser wie, datearret út 1927, doe't it as fúljeton ferskynde yn it tydskrift Sljucht en Rjucht. It jiers dêrop kaam it yn in boekje fan 60 siden út by Utjouwerij Eisma te Ljouwert. De twadde oersetting, De Skimmelruter, waard yn 1987 makke troch Lieuwe Heine Bouma, en yn 1990 útjûn troch De Tille, ek yn Ljouwert, as in boekje fan 125 siden, mei yllústraasjes fan 'e hân fan Gepke W. Bouma út 1988. Fierders waard it ferhaal fan it boek yn 2018 ûnder de titel De Stormruiter as teäterfoarstelling opnommen yn it program fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd. De foarstelling mei hynders waard makke troch Jos Thie yn opdracht fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek en de Stifting Faderpaard, en wurdt fan 6 septimber oant en mei 3 oktober 2018 yn Ljouwert holden yn it WTC Expo.[1]

Biltske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2018 kaam fierders in oersetting yn it Biltsk út fan Der Schimmelreiter, ûnder de titel De Skimmelrútter. Oersetter Sytse Hotzes Buwalda wie dêr al yn 1972 mei úteinset, en letter hie âld-learaar Arjen Dijkstra de fertaling op Buwalda syn fersyk ôfmakke. De kladferzje wie lykwols by Buwalda yn 'e kast lizzen bleaun, en Dijkstra kaam yn 2016 te ferstjerren. It opnimmen fan 'e opfiering De Stormruiter yn it program fan LF2018 foarme foar Buwalda de oantrún om, yn gearwurking mei Leendert Ferwerda, De Skimmelrútter ôf te meitsjen 46 jier nei't er dermei begûn wie.[2] De Skimmelrútter ferskynde earst as fúljeton yn it streekblêd de Bildtse Post. Yn jannewaris 2019 waard it ek yn boekfoarm útjûn, by De Bildtse Boekerij/BildtTaal yn Sint-Anne. Dêrfoar mochten de útjouwers gebrûk meitsje fan 'e oarspronklike yllustraasjes fan Jan Wiegman, dy't belangeleas beskikber steld wiene troch de Universiteitsbibleteek fan Bielefeld, yn Dútslân.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside fan 'e foarstelling De Stormruiter fan it projekt LF2018
  2. Grosse, Maria del, Bildtse vertaling van boek "De Stormruiter" is na 46 jaar af, yn: de Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2018, s. 26.
  3. ——, "De Skimmelrútter" nou as boeky te krijen, yn: de Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 2019, s. 28.

  • Storm, Theodor, De Skimmelrider (oers. Michiel Sjouke Elings Visser), Ljouwert, 1928 (Utjouwerij Eisma), sûnder ISBN; ek yn: Sljucht en Rjucht, jrg. 31 (1927), ôfl. 35-50 en 52.
  • Storm, Theodor, De Skimmelruter (oers. Lieuwe Heine Bouma), Ljouwert, 1990 (De Tille), ISBN 9 06 55 30 908.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.