Michiel Sjouke Elings Visser

Ut Wikipedy
Michiel Sjouke Elings Visser
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michiel Sjouke Elings Visser
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 oktober 1887
berteplak Hilaard
stoarn 23 maaie 1971
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre non-fiksje,
oersettings,
skiednis
tema's Fryske skiednis
bekendste
  wurk(en)
De Skimmelrider (fert.)
Jancko Douwama
jierren aktyf 1927 - 1971

Michiel Sjouke Elings Visser (Hilaard, 8 oktober 1887Ljouwert, 23 maaie 1971) wie in Frysk hierboer (feehâlder), skriuwer en oersetter. Yn 1927 kaam ûnder de titel De Skimmelrider syn fertaling út fan Der Schimmelreiter, in novelle fan 'e Dútske skriuwer Theodor Storm, út 1888.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Visser kaam út in befynlik grifformearde rûnte en gie nei in bekend grifformeard ynternaat yn Zetten, Gelderlân. Hy folge dêr it gymnasium en krige dêr kunde oan Pieter Sjoerds Gerbrandy. Netsjinsteande dy oplieding waard er boer yn Britsum en letter wie er achtjin jier boer yn De Pomp. Hy waard lid fan it Kristlik Frysk Selskip en wie foar de Twadde Wrâldoarloch in wichtige figuer yn de Fryske kristlike beweging. Hy sluet him oan by de Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma, mar dat duorre net lang om't foar him it Frysk nasjonalisme wichtiger wie as de literatuer. Syn betsjutting foar de Fryske literatuer bleau ek beheind en op dat mêd bleau er it bekendst fan syn oersetting fan Der Schimmelreiter fan Theodor Storm. Hy bewûndere Harmen Sytstra om't dy frommens mei Frysksinnigens kombinearre.

Fan grutter belang hat Visser syn krewearjen foar ferbettering fan de tastân fan hierboeren en arbeiders west, ynspirearre troch syn leauwe. Yn 1933, yn de krisisjierren mei syn hege hieren en lege leanen, waard er bestjoerslid fan it Christelijke Bond van Landpachters. Yn dy tiid seach er wol wat yn it net-demokratyske korporatisme dat yn nazy-Dútslân opgong makke. Under Fryske skriuwers wiene ek bygelyks Rintsje Piters Sybesma en Douwe Kiestra oanhingers fan dat systeem, mar by Visser hat dat net laat ta kollaboraasje mei de Dútsers. Visser hat dat idee lykwols nea hielendal opjûn sa't bliken die út in artikel yn de Stim fan Fryslân út 1965.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526, s. 150.
  • Abe Westra, Skriuwe tsjin de ûnrjochtfeardigens. Frysk Deiblêd, 14 augustus 2018