Bildtse Post

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Bildtse Post
Bildtse Post logo.png
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
taal Biltsk
sjenre streekblêd
frekwinsje 1x wyks
bestean 1935 – no
oprjochter Dirk de Jong
plak haadred. Sint-Anne
útjouwer Drukkerij Van Leer & De Jong
oplaach 16.000 (1 jann. 2020)
  4.000 (1 aug. 2020)
tal abonnees 1.300
offisjele webside
www.bildtsepost.nl

De Bildtse Post is in streekkrante foar It Bilt, dy't fierhinne yn it Biltsk ferskynt. It blêd wurdt alle wiken op woansdei útbrocht as abonneeblêd, wylst in tinnere ferzje hûs-oan-hûs rûnbrocht wurdt as advertinsjeblêd. Anno 2020 wurken der fjouwer minsken by de Bildtse Post, wêrfan't ien de hiele redaksje die.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bildtse Post waard yn 1935 oprjochte op inisjatyf fan sjoernalist Dirk de Jong (1898-1966) doe't hy en mei-oprjochter Binne van Leer spul krigen mei de lokale drukkerij Hoekstra. Under de Twadde Wrâldoarloch ferskynde de krante fan 1941 ôf net, mei't De Jong wegere der nazy-Dútske propaganda yn op te nimmen en de krante dêrom gjin papier mear krige. Nei de oarloch ferskynde de Bildtse Post as abonneeblêd mei in soad lanlik en ynternasjonaal nijs. Letter waarden mear en mear berjochten út It Bilt en omkriten opnaam.

De redaksje fan 'e Bildtse Post gie neitiid fan De Jong oer op soan Gerryt Dirks de Jong en noch wer letter op pakesizzer Gerard de Jong. De redaksje sjocht de krante ek as hoeder foar it Biltsk en is tige aktyf as ûnderdiel fan 'e Biltske Beweging.

Yn 2020, doe't fanwegen de wrâldwide pandemy fan it koroanafirus de ynkomsten út advertinsjes bot weromrûnen, krige de Bildtse Post der paradoksaal genôch foar it earst yn hast twa desennia abonnees by (yn totaal sa'n 30), wêrmei't it totaal tal abonnees útkaam op 1.300. Nettsjinsteande dat moast de krante dat jiers 75% fan 'e fergese hûs-oan-hûsoplaach skrasse fanwegen de mei 30% weromrinnende ynkomsten út 'e advertinsjeferkeap. Sadwaande waard de Bildtse Post fan 1 augustus 2020 allinnich noch mar hûs-oan-hûs rûnbrocht op it eigentlike Bilt, en net mear yn oanbuorjende doarpen lykas Seisbierrum, Berltsum en Hallum. De hûs-oan-hûsoplaach gie dêrmei werom fan 16.000 nei 4.000 eksimplaren.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Santema, Pier Abe, Corona dringt "Bildtse Post" terug op Bildt, yn: de Ljouwerter Krante, 31 july 2020, s. 27.