De Koperen Tún (kafee-restaurant)
De Koperen Tún De Koperen Tuin | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | hoareka (kafee-restaurant) | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1989 | |
oprjochter | Theo Douma | |
offisjele webside | ||
www.dekoperentuin.nl |
De Koperen Tún (Nederlânsk en offisjeel: De Koperen Tuin) is kafee-restaurant yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dit bedriuw is fêstige yn 'e Prinsetún, en affisjearret him as in grand café-restaurant yn "it griene hert fan Ljouwert" mank "âlde romantyk en de Fryske Oranjes". It beskikt oer in eigen sealesintrum foar gruttere eveneminten, lykas popkonserten, en is it opstappak foar preamfearten troch de Ljouwerter greften.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e earste helte fan 'e santjinde iuw waard de Prinsetún foarme as lusthôf foar de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz. Dy syn soan, Hindrik Kasimir II, liet der nei 1664 in simmerhûs sette, dat yn 1842 ôfbrutsen en ferfongen waard troch in hiel nij gebou. Underwilens wie de Prinsetún yn 1819 yn 'e hannen fan 'e Gemeente Ljouwert kommen, en dêrfandinne krige it nije simmerhûs de funksje fan in teeskinkerij. Yn 1954 waard it útwreide mei twa fleugels, dêr't de rjochter fan brûkt waard om it Pier Pander Museum te húsfêstjen.
De Ljouwerter ûndernimmer Theo Douma fêstige yn 1989 syn kafee-restaurant yn 'e rest fan it gebou. Hy neamde syn bedriuw 'De Koperen Tún', nei it boek mei deselde namme fan 'e skriuwer Simon Vestdijk. Dy syn widdo Mieke ferrjochte de iepening. Yn 1992 folge in yngeande ferbouwing, dy't it gebou gaadliker makke foar in moderne hoareka-ûndernimming.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|