Springe nei ynhâld

De Kanto's

Ut Wikipedy
De Kanto's
algemiene gegevens
oarspr. titel The Cantos
auteur Ezra Pound
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre dichtsyklus
skreaun 1915-1962
1e publikaasje 1925 (foar in diel)
1970 (ûnfoltôge)
oarspr. útjwr. Three Mountains Press

De Kanto's, yn it Ingelsk: The Cantos, is in lang, ûnfoltôge gedicht fan 'e hân fan 'e kontroversjele Amerikaanske dichter, essayist, oersetter, skriuwer en komponist Ezra Pound (1885-1972). It meastepart fan The Cantos is skreaun tusken 1915 en 1962, al gie Pound by fleagen dermei troch oant syn dea, wylst in protte fan it iere wurk fuortredigearre is, en de iere kanto's yn 'e foarm sa't se publisearre binne, datearje fan 1922 en letter. Uteinlik kaam it gedicht 120 dielen (of kanto's) te omfetsjen, mar it rekke nea ôf. De earste folsleine edysje, The Cantos (I-CIX), waard publisearre yn 1964, mar dêr folge yn 1968 noch op: Drafts and Fragments: Cantos CX-CXVII. The Cantos is in wurk fan 'e lingte fan in boek, dat foar de lêzer dreech nei te kommen is. Krekt as yn Pound syn proaza binne de ûnderwerpen de wrâldekonomy, lânsbestjoer en kultuer, wylst er der teffens withoefolle autobiografyske eleminten yn bemjukse hat.

The Cantos wurdt troch literatuerkritisy rûnom beskôge as ien fan 'e wichtichste modernistyske wurken fan 'e tweintichste iuw. It part derfan dat Pound oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch skreau, wylst er troch it Amerikaanske leger yn Itaalje finzen holden waard foar lânferrie, is bekend kommen te stean as The Pisan Cantos ("De Piseenske Kanto's"), en wurdt gauris beskôge as in wurk dat ek op himsels stean kin. Pound krige dêr yn 1948 de Bollingen Prize fan 'e Amerikaanske Library of Congress foar, wat ta grutte opskuor late fanwegen syn status as lânferrieder en pasjint yn in psychiatrysk sikehûs.

It meast yn it each springende skaaimerk fan The Cantos is sûnder mis de tafoeging fan sitaten yn oare Westerske talen, en dêropta noch guon yn Sineeske karakters. It rieplachtsjen fan wittenskiplike kommentaren is frijwol ûnûntkomber foar immen dy't de tekst begripe wol. It berik fan 'e taspilings op histoaryske foarfallen is tige grut, en rint fan Homearus syn Odyssee oant barrens út 'e tweintichste iuw, wylst abrupte feroarings fan perspektyf har sûnder warskôging foardogge. Teffens wurdt der referearre oan in grut ierdrykskundich ferskaat. Oan syn eigen iere belangstelling foar de klassike beskavings fan it Middellânske-Seegebiet en East-Aazje foege Pound dingen ta dy't him oansprieken út it Itaalje en de Provâns fan 'e Midsiuwen en de iere Moderne Tiid; út it oanbegjin fan 'e Feriene Steaten; út it santjinde-iuwske Ingelân; en details oangeande Afrika, dy't er ûntliend hie oan Leo Frobenius. Unútleine referinsjes komme rûnom foar. Doe't er mei it wurk úteinsette, miende Pound noch dat er oer dichterlike en retoaryske techniken beskikte dy't syn skriuwen út harsels betsjutting jaan soene, mar geandewei krige er mear each foar it boadskip dat er oerbringe woe.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1972 fertaalde oersetter Haring Tjittes Piebenga ien gedicht út The Cantos yn it Frysk, ûnder de titel Canto XLIX fan Ezra Pound. Dy fertaling waard dat jiers publisearre yn it tydskrift Alternatyf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pound, Ezra, Canto XLIX fan Ezra Pound (in fragmint út The Cantos; oers. Haring Tjittes Piebenga), yn: Alternatyf, 1972, ôfl. 1, s. 60-61.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.