De Ikker (Damwâld)
De Ikker | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Damwâld (Ikkerwâld) | |
adres | Hearewei 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1849 | |
arsjitekt | K.F. Ozinga | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 512917 (fanwegen it oargel) | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
De Ikker oan de Hearewei yn Damwâld is de herfoarme tsjerke fan Ikkerwâld. De herfoarme gemeente is tsjintwurdich oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de reformaasje yn 1581 foarmen Ikkerwâld en Moarrewâld ien tsjerklike gemeente. Oant 17 augustus 1755 foarme dy gemeente noch in kombinaasje mei Feanwâlden. De earste dûmny fan de gemeente wie Nikolaas Jehannes.
De hjoeddeiske tsjerke waard boud yn 1849 en ferfong de midsiuwske tsjerke fan it doarp. Dat it dêrby om in oarspronklik romaanske tsjerke gyng is op te meitsjen út de ferkeap fan dowestien troch de gemeente yn dy tiid. De midsiuwske tsjerke hie twa tuorren: lykas wenst in sealtektoer en dêrnjonken ek noch in toer mei in spits. Neffens de gevelstien boppe de tagong waard de earste stien op 25 juny 1849 lein troch Lambert Willem van Kleffens, de alvejierrige soan fan de dûmny fan de gemeente, P. van Kleffens.
It giet om in trijesidich sletten sealtsjerke mei in geveltoer dy't oergiet op in achthoekige boppebou. De achthoekige boppebou is net oarspronklik; mooglik dat de eardere nullespits (lykas dy fan Burdaard) fan it orizjineel yn de jierren 1920 ferfongen is troch de hjoeddeiske achthoekige boppebou. De preekstoel datearret út de boutiid fan de tsjerke [1][2]. De twa kroanluchters komme noch út de midsiuwske tsjerke en waarden yn 1754 en 1801 skonken troch gemeenteleden.
De âlde yn Snits getten klok út 1655 waard yn 1943 fan de Dútsers foardere. Yn 1950 krige de gemeente in nije klok as ferfanging.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienmanualige oargel waard yn 1819 troch de bruorren L. van Dam en Soannen út Ljouwert boud. It ynstrumint stie oarspronklik yn de herfoarme tsjerke fan 's Gravenzande en ferhûze yn 1899 nei Ikkerwâld en waard dêr troch Bakker & Timmenga wer opboud. It ynstrumint, dat in ryksmonumint is, waard yn 1976 restaurearre troch de firma Jos Vermeulen út Alkmaar.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oare tsjerkegebouwen fan de PKN yn Damwâld binne:
- Benediktustsjerke, Dantumawâld
- De Ontmoeting, Moarrewâld
- Bonifatiustsjerke, Moarrewâld
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Disposysje oargel fan De Ikker
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|