De Babbersmûne
Babbersmûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Schiedam | |
adres | Schiedamsedijk 2A | |
koördinaten | 51°55' N 4°22' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 25,15/25,20 m | |
boujier | 1710 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 513195 [1] | |
Webside | ||
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens | ||
Kaart | ||
De Babbersmûne is in poldermûne yn Skiedam yn 'e provinsje Súd-Hollân. Jierrenlang stie de stiennen poldermûne der by as in suterige romp, mar yn 'e jierren 2012-2013 is de mûne restaurearre en foar in part rekonstruearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Babbersmûne waard yn 1710 boud en folge doe in midsiuwske mûne op syn fûneminten op. It oanlizzen fan it spoar fan Skiedam nei Hoek fan Hollân yn 1888 beheinde de mûne yn 'e wynfang. De oplossing waard yn it ferheegjen fan 'e romp mei trije meter fûn. Foar it bestsjinjen fan 'e mûne wie ek it bouwen fan in stelling nedich. Sûnt 1924 waard de mûne oandreaun troch in Deutz-motor. De stelling, kape, wjukken en sturt waarden dêrmei oerstallich en ôfbrutsen. Oant dy tiid wenne de mûnder noch yn 'e mûne, mar foar him en syn hûshâlding waard doe in nij hûs njonken de mûne boud en hy moast om oar wurk sjen.
Healwei de jierren 1950 wie it hielendal dien mei de Babbersmûne. In elektrysk gemaal op in oar plan naam de wetterhûshâlding oer en de romp fertutearzgje jimmeroan mear. Sûnt 1979 makke de fûgelopfang gebrûk fan 'e romp. Eigner wie doe de gemeente Skiedam, dy't der yn slagge de romp yn 2003 as ryksmonumint yn te skriuwen. Yn dat jier kocht de stifting 'De Schiedamse Molens' de mûne fan 'e gemeente oer. De stifting wie fan doel om fan 'e mûne wer in folslein wurkjen mûne te meitsjen, sa't dy der foar 1924 útseach.
Ein 2011 wûn de stifting in priis fan € 10.000,00 fan 'e provinsje Súd-Hollân foar it bêste Mûnebiotoopferbetterplan. Om de mûne better ta syn rjocht te bringen waard de omjouwing fan de mûne oanpast. Yn febrewaris folge de bou fan in stelling en in diel fan it geande wurk waard wer opboud. Sûnt novimber fan dat jier waard de mûne ek wer draaifeardich. Tsjin 'e ein fan 2013 koe de restauraasje ôfsletten wurde.
Oare mûnen yn Skiedam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|