Springe nei ynhâld

EUE/Screen Gems

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cinespace Wilmington)
EUE/Screen Gems
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmyndustry, tillefyzjesektor
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1965
sifers
aktyf yn de Feriene Steaten
wurknimmers 100
tal lokaasjes 3 + haadkertier
offisjele webside
www.euescreengems.com

EUE/Screen Gems (screen gems is Ingelsk foar "juwieltsjes fan it wite doek") is in Amerikaansk bedriuw dat film- en tillefyzjestudiokompleksen yn besit hat yn trije grutte Amerikaanske stêden en studioromte ferhiert oan filmstudio's en tillefyzjeproduksjemaatskippijen.

De bruorren Stephen en Michael Elliot wiene fotografen, dy't koart foar it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn New York in studio oprjochten dêr't se reklamefoto's makken foar warehuzen en reklameburo's. Nei de oarloch seagen se al rillegau it potinsjeel fan it medium tillefyzje yn foar de reklamebrâns. Yn 1948 rjochten se yn 'e mande mei William Unger it bedriuw EUE (Elliot, Unger & Elliot) op, ien fan 'e ierste studio's dy't him folslein talei op it produsearjen fan reklamespotsjes foar op 'e tillefyzje.

Yn 1959 waard EUE oankocht troch filmstudio Columbia Pictures. Yn 1965 waard it bedriuw fusearre mei Screen Gems, in oare dochterûndernimming fan Columbia dêr't alle tillefyzjebelangen fan 'e studio by ûnderbrocht wiene. Sa ûntstie EUE/Screen Gems, in bedriuw dat yn juny 1982 ferkocht waard oan The Coca-Cola Company. Yn 1983 waard EUE/Screen Gems trochferkocht oan 'e sakeman George Cooney. Op dat stuit bestie it bedriuw út ien fêstiging, sitewearre yn New York.

Yn 1996 kocht EUE/Screen Gems it yn Wilmington, yn Noard-Karolina, fêstige filmstudiokompleks op fan 'e bankrot giene filmstudio Carolco Pictures. Yn 2010 sleat it bedriuw foar de doer fan 50 jier in pachtkontrakt ôf mei de gemeente Atlanta, yn Georgia, foar it gebrûk fan 'e Lakewood Fairgrounds, in earder merketerrein. Dêr ferriisde neitiid in nij filmstudiokompleks. Yn 2015 waard yn in joint venture mei Viacom in trêde filmstudiokompleks oprjochte yn Miami, oan 'e súdpunt fan Floarida.

Studiokompleksen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadkertier fan EUE/Screen Gems is noch altyd fêstige yn New York, op it plak dêr't earder EUE oprjochte waard.

Cinespace Wilmington is it studiokompleks fan EUE/Screen Gems yn Wilmington (Noard-Karolina). It wie foarhinne yn it besit fan 'e filmstudio Carolco Pictures en waard yn 1996 troch EUE/Screen Gems oankocht, doe't Carolco fallyt gie. Yn 't earstoan stie it kompleks bekend ûnder de namme EUE/Screen Gems Studios.

Anno 2024 bestiet it út 10 pylderfrije soundstages mei in mienskiplik oerflak fan 24.000 . De tsiende soundstage, op dat stuit de op twa nei grutste yn 'e Feriene Steaten, waard iepene yn 2010, besteande út in pylderfrije romte fan 3.480 m² mei in wettertank fan 18.30 m lang by 18.30 m breed by 3.20 m djip, mei in ynhâld fan 705.000 liter. Dêropta omfettet it kompleks produksje-ûnderstypjende fasiliteiten, lykas kantoarromte, wurkplakken om dekôrstikken te meitsjen, klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring en foar opslach fan dekôrstikken, kostúms en oare rekwisiten.

Yn Cinespace Wilmington binne troch de jierren hinne mear as 300 films, tillefyzjesearjes en reklamespotsjes opnommen. Derûnder wiene searjes as One Tree Hill, Dawson's Creek, Under the Dome, Eastbound and Down en Sleepy Hollow. Foarbylden fan films dy't yn Cinespace Wilmington opnommen waarden, binne The Crow (1994), Iron Man 3 (2013), We're the Millers (2013) The Conjuring (2013) en Scream (2022).

Cinespace Atlanta, it studiokompleks fan EUE/Screen Gems yn Atlanta (Georgia), stiet op 'e lokaasje fan 'e eardere Lakewood Fairgrounds, in yn 1916 ûntstien merketerrein mei in oerflak fan 47 ha lân dat om in marke hinne lei mei in oerflak fan 6 ha. Op 17 maaie 2010 sleat EUE/Screen Gems mei de gemeente Atlanta in fyftichjierrich pachtkontrakt ôf foar 12 ha dêrfan. Dit studiokompleks stie yn 't earstoan bekend as de Lakewood Studios.

Nei't EUE/Screen Gems de Lakewood Fairgrounds yn 'e hannen krigen, waarden net allinne de besteande gebouwen opknapt, mar waarden der ek nije gebouwen byboud. Anno 2024 binne der 13 soundstages aktyf, mei in mienskiplik oerflak fan 33.200 m². Der binne fjouwer nije soundstages boud: trije mei in oerflak fan 1.860 m² en ien dy't 3.480 m² mjit. Dêrnjonken binne der kantoaren, klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring, wurkplakken om dekôrstikken te fabrizjearjen, opslachromten en postproduksjefasiliteiten foar û.o. filmmontaazje en de produksje fan special effects.

EUE/Screen Gems Studios Miami, it studiokompleks fan EUE/Screen Gems yn Miami (Floarida), kaam yn 2015 ta stân troch in joint venture mei mediabedriuw Viacom. It kompleks waard boud troch de Miami Omni Community Redevelopment Agency (CRA) yn in publyk-private gearwurking mei EUE/Screen Gems.

Anno 2024 hat it kompleks in oerflak fan krapoan 8.200 m². Der binne twa soundstages, dy't elts 1.400 m² mjitte, mei in hichte fan 12.20 m. Dêropta binne der 2 greenrooms foar motion-capture-opnamen, 14 folslein tariste fasiliteiten foar filmmontaazje, 10 klaaikeamers, 2 romten foar fisazjy en hierstilearring, opslach foar dekôrs, kostúms en rekwisiten, wurkplakken, kantoaren, gearkomstesealen, romten foar de ûntfangst fan publyk foar live-opnamen en in waskerette foar it waskjen fan 'e kostúms.

Yn 'e EUE/Screen Gems Studios Miami tsjinje as de sintrale produksjefasiliteit foar tillefyzjesearjes dy't produsearre wurde foar tillefyzjenetwurken fan dochterûndernimmings fan Viacom, lykas Nickelodeon, MTV en Comedy Central.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.