Springe nei ynhâld

Cinecittà

Ut Wikipedy
Cinecittà
Yngong fan Cinecittà.
Yngong fan Cinecittà.
algemien
nasjonaliteit Italjaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Rome
oprjochte 1937
offisjele webside
www.cinecittastudios.it
kaart
Cinecittà (Rome)
Cinecittà
Lokaasje yn Rome.

Cinecittà (útspr.: [ʧineʧiˈta], likernôch: "tsji-nee-tsji-ta"), Italjaansk foar "Sinemastêd" of "Filmstêd", is in ferneamd studiokompleks yn 'e Italjaanske haadstêd Rome. It beslacht in oerflak fan 40 ha en is dêrmei it grutste yn syn soarte yn Jeropa. It waard boud yn 'e 1930-er jierren as in prestiizjeprojekt fan it faksistyske regear fan Benito Mussolini. Cinecittà foarmet it hert fan 'e Italjaanske filmyndustry en wurdt ek wol "Hollywood oan 'e Tiber" neamd. Der hawwe troch de jierren hinne opnamen foar mear as 3.000 films en withoefolle tillefyzjeprogramma's plakfûn.

Cinecittà ûntstie as in prestiizjeprojekt fan it faksistyske regear fan Itaalje yn 'e 1930-er jierren. It waard op 21 april 1937 iepene troch diktator Benito Mussolini, dy syn soan Vittorio en syn haad sinema Luigi Freddi, ûnder it biedwurd "Il cinema è l'arma più forte" ("Film is it machtichste wapen"). Dêrút kin opmakke wurde dat men fan begjin ôf oan fan doel wie en brûk it kompleks foar it meitsjen fan propagandafilms. Mar dêrnjonken woe Mussolini mei Cinecittà ek de Italjaanske filmyndustry nij libben ynblaze, dy't sûnt it begjin fan 'e Grutte Depresje, yn 1931, op syn gat lein hie.

De iepening fan Cinecittà troch Benito Mussolini yn 1937.

Mei iere filmproduksjes dy't yn it kompleks plakfûnen, waard pronke mei de de technologyske foarsprong dy't de Italjaanske filmyndustry troch Cinecittà op 'e wjergaders út oare Jeropeeske lannen hie. In wier spektakelstik wie de sêne út 'e biografyske film Scipione l'Africano, wêryn't foar it neispyljen fan 'e Slach by Sama (202 f.Kr.) út 'e Twadde Punyske Oarloch 7.000 figuranten optrommele en boppedat libbene oaljefanten oanfierd waarden.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't faksistysk Itaalje in bûnsgenoat fan nazy-Dútslân wie, waard Cinecittà yn 1943 en 1944 bombardearre as ûnderdiel fan 'e bombardeminten fan Rome troch de Westlike Alliëarden. Nei de oarloch waard it kompleks fan 1945 oant 1947 brûkt as in flechtlingekamp. It waard doe bewenne troch nei skatting 3.000 flechtlingen, ferdield oer wat eins twa kampen wiene: ien kamp foar Italjanen út Itaalje sawol as út Lybje, Istrje en Dalmaasje, en in oar kamp foar flechtlingen út it bûtenlân dy't gjin etnyske Italjanen wiene, lykas lju út Poalen en Joegoslaavje en Arabieren út Lybje en Egypte.

Nei 1947 waard Cinecittà werboud, en yn 'e 1950-er en 1960-er jierren belibbe it kompleks syn heechtijdagen. It is út dy tiid dat de bynamme "Hollywood oan 'e Tiber" stammet. Foar in grut tal tige grutte filmproduksjes fûnen der de opnamen plak. Dêrby gie it sawol om Italjaanske as om ynternasjonale films. Ek waarden der in stikmannich spagettywesterns en lowbudgetfilms draaid en waarden der tillefyzjesearjes opnommen. Dêrnjonken fûn der yn 1991 ek it 36e Eurofyzjesongfestival plak, doe't dat troch Itaalje organisearre waard. It soe eins yn it Noarditaljaanske Sanremo holden wurde, mar de Italjaanske steatsomrop RAI besleat it nei Rome te ferpleatsen doe't de spannings yn it oanbuorjende Joegoslaavje almar fierder eskalearren yn 'e oanrin nei it útinoarfallen fan dat lân en it útbrekken fan 'e Joegoslavyske Oarloggen.

De set fan 'e tillefyzjesearje Rome (2004-2007).

Nei in perioade dat Cinecittà hieltyd hast omfoel, besleat it Italjaanske regear yn 1997 om it studiokompleks, dat doe noch altyd in steatsbedriuw wie, te privatisearjen. Dêrby waard 80% fan it kompleks oan partikuliere ynvestearders ferkocht, wylst de steat in belang fan 20% yn besit hold.

Op 9 augustus 2007 waard 3.000  fan Cinecittà en omkriten troch in brân ferwoastge. It diel fan it kompleks dat fan histoarysk belang is, mei sets fan Ben-Hur en oare filmklassikers, bleau beholden, mar in grut diel fan 'e sets fan 'e tillefyzjesearje Rome, fan HBO en de BBC, giet ferlern. Yn july 2012 rekke by in oare brân Teatro 5 skansearre, de soundstage dêr't Federico Fellini û.m. La Dolce Vita opnommen hie. Yn augustus 2022 wie der in trêde brân, wêrby't in set dy't it Florâns út 'e Renêssânse foarstelle moast, fierhinne ferrinnewearre waard.

Yn 2009 kundige Cinecittà oan dat it kompleks syn eigen ferdivedaasjepark oprjochtsje woe. Dat waard Cinecittà World, dat yn july 2014 iepengie. De oanlis dêrfan koste 250 miljoen. It leit likernôch 25 km súdwestlik fan it eigentlike studiokompleks, op it plak dêr't de ferneamde Italjaanske filmprodusint Dino De Laurentiis yn 'e 1960-er jierren in eigen studio hie.

In seleksje fan bekende films dy't (foar in diel) yn Cinecittà opnommen binne:


Yn Cinecittà binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Rome (2004-2007), The Young Pope (2016) en The New Pope (2020). Teffens binne der wol oare tillefyzjeprogramma's filme, lykas Grande Fratello, de Italjaanske ferzje fan it realityprogramma Big Brother.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.