Christ Church Cathedral (Dublin)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kristus Tsjerke Katedraal

Christ Church Cathedral

(Ireland) Dublin Christ Church Cathedral.JPG
lokaasje
lân Flag of Ireland.svg Ierlân
plak Coat-of-arms-of-Dublin.svg Dublin
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boustyl Goatyk
oare ynformaasje
webside christchurchcathedral.ie

De Christ Church Cathedral is ien fan de twa Anglikaanske katedralen yn de Ierske haadstêd Dublin. De oare is de Sint-Patrickkatedraal. Fan de twa protestanske katedralen is de Christ Church Cathedral de âldste fan de twa en de offisjele katedraal fan it bisdom Dublin en Glendalough.

Wetlik is it godshûs al sûnt de Ingelske reformaasje yn hannen fan de Ierske Tsjerke, mar it roomsk-katolike aartsbisdom fan Dublin hat de oanspraken op de midsiuwske tsjerke nea opjûn, ek al makket it katolike aartsbisdom no gebrûk fan de Saint Mary's Pro-Cathedral as biskopssit.

Om de katedraal hinne lei foarhinne in doalhôf fan strjitten, mar sûnt de oanlis fan in grutte wei en de ôfbraak fan in âlde wenwyk by Wood Quay kaam de katedraal frij te stean fan it midsiuwske strittepatroan dat de katedraal ea omsleat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brânskildere raam fan Sint-Joris

De stifting fan de katedraal wie nei tinken nei 1028, doe't Sitric Silkenbeard, de kening fan Dublin, werom kaam fan syn pylgerreis nei Rome. Earste biskop fan it nije bisdom wie Dúnán of Donat. It wie mar in lyts bisdom en it lei yn dy tiid op in eilân dat omsletten waard troch it folle gruttere bisdom fan Glendalough. De tsjerke waard op heechlizzende grûn boud, sa't dy útsjoch bea oer Wood Quay, de delsetting fan de Wytsings. De twadde biskop fan Dublin, Laurence O'Toole, makke fan de katedraal in priorij, dy't laat waard troch in Augustynske prior en ta grutte wolstân kaam.

Kening Hindrik II wie yn 1171 oanwêzich doe't op krystjûn de mis fierd waard. Neffens de kroniken fan de katedraal wie it foar it earst nei de moard op Thomas Beckett dat Hindrik wer dielnaam oan de hillige kommuny. Efkes letter waard útein set mei de ferfanging fan de houten katedraal troch in stiennen katedraal mei in koer, sydkoaren, transepten, in krypte en meardere kapellen. In kapel ta eare fan Laurence O'Toole waard yn de 13e iuw tafoege en in grut part fan it noch besteande skip ûntstie yn de jierren 1230. Under aartsbiskop John de St Paul waard yn 1358 it koer mei 10 meter langer makke. Hy liet ek in oargel bouwe.

Yn 1480 joech de rike rjochter William Sutton al syn lân en sulver oan de katedraal. Yn 1487 waard de katedraal it plak dêr't de tsjienjierrige Lambert Simnel as kening Edward VI kroand waard yn in fergees besykjen om kening Hindrik VII ôf te setten.

Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kening Hindrik VIII skafte de priorij yn 1539 ôf en de tsjerke waard in katedraal mei in dekaan en in kapittel. Undertusken waard yn 1551 foar it earst in Ingelsktalige tsjinst holden ynstee fan Latynsk. Yn 1560 waard foar it earst út in Ingelsktalige Bibel lêzen.

Yn 1690 wie de katedraal noch ienris foar koarte tiid in roomsk-katolike katedraal. Dit barde doe't kening Jakobus II út Ingelân nei Ierlân flechte om dêr fierder foar de troan te striden en yn de Christ Church Cathedral de mis bywenne. Wat letter, doe't kening Willem III werom kaam fan de Slach oan de Boyne, joech dy út tankberens foar syn oerwinning op kening Jakobus II in tal kommunyskalen oan de katedraal.

Yn de 17e iuw kamen sawol it parlemint as it gerjocht byinoar yn de gebouwen by de Christ Church.

De Christ Church yn 1830
Koerhek

Krekt as de Sint-Patrickkatedraal mocht ek de ûnderhâldstastân fan de Christs Church yn de 19e iuw gjin sprekken lije. It gebou wie langer net feilich en koe net mear brûkt wurde. Tusken 1829 en 1831 waarden in pear renovaasjes útfierd. Mar de grutte renovaasje in diels wjerbou fûn plak fan 1871 oant 1878 nei't de whiskey-destillearder Henry Doe £ 230.000 beskikber stelde foar it behâld fan de katedraal. It 14e iuwske koer waard sloopt en in nije eastlike ôfsluting waard oer de krypte boud. De toer en it súdlike sydskip waarden op'e nij boud en ek waard in nij kapittelhûs boud. Loftbôgen waarden as dekoratyf elemint tafoege en it noardlik portaal moast wike foar in nije doopkapel. Mei de bou fan in gebou foar de synoade waard wat der oer wie fan de Sint-Michaëltsjerke ôfbrutsen. As ferbining tusken it synoadehûs en de katedraal tsjinne in loftbrêge.

Mei de restauraasje fan de katedraal koe tefoarren kommen wurde dat it bouwurk ferlern gyng. Oan de oare kant brocht de Viktoriaanske restauraasje ek ferneatiging. Sa waard it lange koer út de 14e iuw sloopt en ek is it lestich te sjen hokker dielen fan de noch besteande bou midsiuwsk binne en hokker dielen Viktoriaanske rekonstruksjes.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1984 troch de oargelmakkerij Kenneth Jones and Associates of Bray (Wicklow) boud. In oargel hat 40 registers ferdield oer trije manualen enpedaal. Yn de jierren 2003-2004 waard it instrumint skjinmakke en in lyts bytsje útwreide.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêf Richard de Clare ("Strongbow")[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Strongbow-monumint betinkt Richard de Clare (Strongbow wie de bynamme fan De Clare), dy't út Wales stamde en troch kening Diarmuid MacMorrough útnoege waard om nei Ierlân te kommen. Syn komst yn 1170 foarme it begjin fan de Ingelske ynfloed yn Ierlân. De oarspronklike tombe fan de yn de katedraal begroeven De Clare gyng spitigernôch yn 1562 by it delstoarten fan it ferwulft ferlern. As pendant stiet oan de oare kant fan it skip de tombe fan biskop Charles Lindsay, dy't fan 1804 oant 1846 as dekaan oan de tsjerke ferbûn wie.

Kateder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke stiet oan de noardlike kant fan it middenskip by it koerhek in midsiuwske kateder. De rjochter kateder is in kopy út de 19e iuw.

Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krypte
Kat en mûs

Under de Christ Church leit de grutste krypte fan Grut-Brittanje en Ierlân. De krypte hat in lingte fan 63,4 meter en waard yn de jierren 1172-1173 oanlein. Nei de renovaasje yn it begjin fan it nije millenium waard de krypte iepensteld foar publyk. Yn de krypte steane de âldste sekuliere stiennen bylden fan Ierlân, nammentlik dy fan Karel I en Karel II. Eartiids stienen de bylden bûten by de Tholsel (it midsiuwske stedhûs fan Dublin, dat yn 1806 sloopt waard). Ek yn de krypte binne in tabernakel en in tal kandelaren, dy't brûkt waarden doe't katedraal foar it lêst ûnder de roomske rite foel. Opmerklik binne in mummifisearre kat en rat út 1850 yn in fitrine. Nei alle gedachten siet de kat efter de rat oan en beide kamen hja yn in oargelpiip fêst te sitten en mummifisearren dêr. Yn de krypte wurde ek histoaryske boeken en altarreau bewarre.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Christ Church Cathedral hie nei alle gedachten altiten al in lûdklok. Wis is dat der yn 1440 trije grutte klokken yn de toer hongen, mar op 11 maart 1597 soarge in krûdeksploazje oan de tichtebylizzende kaai foar skea oan de tsjerketoer en de lûdklokken. Seis nije klokken waarden yn 1670 út it metaal fan kanonnen getten en ferfolgens waarden der yn 1738 twa klokken tafoege en yn 1878 nochris fjouwer. Yn 1999 waard it tal oanfolle mei sân nije klokken, sa't it totaal no op 19 klokken komt.

Romaansk portaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de súdlike kant fan it dwersskip is in romaansk portaal út de 12e iuw.

Passaazje fia de loftbrêge nei it Synoadehûs

Kapittelhûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Efter it eastlike diel fan de katedraal leit it tsjintwurdige kapittelhûs mei kantoaren, in bibleteek en romten foar gearkomsten en oare saken. De fûneminten fan it âlde kapittelhûs binne te sjen by it súdlike dwerskip.

It Synoadehûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de westlike kant fan de tsjerke liedt in 19e iuwske loftbrêge nei it Synoadehûs (Synod Hall), dat boud waard op it plak fan de Sint-Michaëltsjerke. De toer fan de tsjerke makket no diel út fan dat gebou. It gebou waard foarhinne brûkt foar de gearkomsten fan synoades, tsjintwurdich wurdt it brûkt troch Dublinia, in museum dat ynformearret oer it iere begjin en de midsiuwen fan Ierlân's haadstêd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]