Sint-Patrickkatedraal (Dublin)

Ut Wikipedy
Sint-Patrickkatedraal

St. Patrick’s Cathedral

bouwurk
lokaasje
lân Ierlân
plak Dublin
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1191-1270
boustyl Goatyk
offisjele webside
www.stpatrickscathedral.ie

De Sint-Patrickkatedraal (Ingelsk: St. Patrick’s Cathedral; offisjeel De Nasjonale Katedraal en Kolegiale Tsjerke fan Sint-Patrick, The National Cathedral and Collegiate Church of Saint Patrick; Iersk: Ardeaglais Naomh Pádraig) is in protestanske katedraal yn Dublin, Ierlân. Alhoewol't de Sint-Patrick de grutste is fan de twa katedralen fan de Church of Ireland yn Ierlân's haadstêd, is de lytsere Christ Church Cathedral (Kristus Tsjerke Katedraal) de offisjele biskopssit.

Skiedis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bou fan de tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1192 ferliende aartsbiskop John Comyn ien fan de fjouwer Keltyske parochytsjerken yn Dublin de status fan in kollegiale tsjerke. Dy tsjerke lei by in hillige boarne en wie wijd oan de Ierske missionaris Sint-Patrick. De kollegiale tsjerke lei bûten de muorren fan de stêd en yn de rin fan de tiid ferskynden der om it godshûs hinne jimmeroan mear bouwurken. Wannear't de tsjerke de status fan katedraal krige is net mear te efterheljen, mar it wie nei alle gedachten nei 1192.

De fûneminten foar de hjoeddeiske 91 meter lange tsjerke waarden lein tusken 1191 en 1270. Fan dy tsjerke is lykwols mei útsûndering fan de doopkapel net folle oerbleaun. De bou stie benammen ûnder lieding fan Hindrik de Loundres, in freon fan de kening fan Ingelân en ûndertekener fan de Magna Carta, dy't ek belutsen wie by de bou fan de muorren en it kastiel fan Dublin.

Fan ôf it midden fan de 14e iuw en foar mear as 500 jier waard it noardlike dwersskip brûkt troch de Nikolaasparochy en waard mei in muorre ôfskieden fan de rest fan de tsjerke. De toer, dy't nei aartsbiskop Thomas Minot ferneamd waard, en it westlike skip waarden nei in brân tusken 1362 en 1370 op 'e nij boud. Yn 1749 krige de 43 meter hege toer de tsjintwurdige spits.

De tsjerke wie altiten al bekend mei wetterproblematyk en hie troch de ôftakkings fan de Poddle lêst fan in grut tal oerstreamings, benammen yn de lette jierren fan de 18e iuw. Dy sitewaasje duorre oant de 20e iuw en is ek de reden wêrom't der nea in krypte ûnder de katedraal oanlein is.

Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Ingelske reformaasje, dy't tusken 1536 en 1564 plak fûn, waard de Sint-Patrickkatedraal yn 1537 in Anglikaanske tsjerke. De measte bewenners fan Dublin gyngen ek oer nei de nije lear. Under kening Eduard VI folge in degradaasje fan de katedraal en waard Sint-Patrick in gewoane parochytsjerke oant in hânfêst fan Filips II en Marije I ornearre dat de âlde privileezjes fan de tsjerke werom jûn wurde moasten. Ek de weardefolle saken (lykas sulder, juwelen en instruminten) dy't earder troch de Sint-Patricktsjerke ôfstien wurde moasten oan de Christ Church, moasten restituearre wurde. Under it regear fan Marije I waard yn 1558 foar it lêst it feest fan de Hillige Jongfaam Marije fierd.

Nei't Oliver Cromwell Ierlân ferovere liet dy de hynders fan syn milysje yn it skip fan de katedraal stâlje om sa syn minachtsjen foar de Anglikaanske lear oer te demonstrearjen, dy't hy assosierre mei it roomske leauwen en de monarchy. Nei de restauraasje fan de monarchy yn 1660 waarden der renovaasjes oan de katedraal útfierd.

Yn syn lange skiednis droech de katedraal in soad by oan it Ierkse libben. De skriuwer Jonathan Swift (skriuwer fan Gulliver's Reizen) wie fan 1713 oant 1745 dekaan fan de katedraal. Hy waard yn de katedraal begroeven en syn grêf wurdt markearre mei in epitaaf.

19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan de tiid fertutearze de tsjerke hieltyd mear en yn 1792 koene der sels gjin tsjinsten mear plakfine fanwegen de minne tastân fan de súdlike muorre, dy't 60 sintimeter út it lead hong. Ek dielen fan it dak wiene net mear yn oarder dy't troch stellings op it plak holden wurde moast. Oan it begjin fan de 19e iuw lei it noardlike dwersskip yn pún en wie de sitewaasje fan it súdlike dwersskip net bêst. Jild foar in grutskalige renovaasje ûntbriek, mar stadigoan waard de Lady Chapel (Kapel fan Us Leaffrou) renovearre en dêrnei de flier, dy't yn dy tiid meters heger lei, werom brocht ta it oarspronklike nivo. Oare needsaaklike saken waarden teminsten foar in part oanpakt. Yn it midden fan de 19e iuw waard in Keltysk krús by de katedraal fûn, dy't nei alle gedachten ea it plak fan de hillige boarne markearre.

Stânbyld fan sir Benjamin Lee Guinness
Brânskildere raam fan Jubal
Oersicht ynterieur

De sa nedige grutte restauraasje fan de tsjerke waard lang om let tusken 1860–1865 mooglik makke troch de rynske brouwer Benjamin Guinness. Sadwaande stamt in grut part fan de muorren en de dekoraasjes út it Viktoriaanske tiidrek. Spitigernôch waard net fêstlein wat der ferboud waard, sadat it hjoeddedei net goed dúdlik is hokker dielen fan de katedraal noch oarspronklik midsiuwsk binne en wat Vikoriaanske ferfanging is. It byld fan Benjamin Guinness stiet by it súdlike portaal. Syn soan Arthur (ek in brouwer) joech de tsjerke in glês yn lead-raam fan in foarstelling fan Rebekka by de boarne (mei de humoristyske tekst: Ik wie toarstich en jo joegen my te drinken). It park by de tsjerke en in stel nij klokken waarden yn 1901 skonken troch syn soan Edward.

Fan 1783 oant de ôfsplitsing fan de Church of Ireland yn 1871 tsjinne de katedraal as Chapel of the Most Illustrious Order of Saint Patrick. De heraldyske flaggen út dy tiid hingje noch jimmeroan yn it tsjerkeskip.

It probleem fan twa katedralen yn ien en itselde bisdom waard yn 1871 oplost doe't de synoade fan de nije selsstannige Church of Ireland ornearre dat de Christ Church Cathedral tenei de katedraal fan it bisdom Dublin wie en de Saint-Patrick's Cathedral de status fan in nasjonale katedraal krige, dêr't nasjonale plechtigheden fierd wurde.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke waarden mear as 500 minsken begroeven. It meast opfallende grêfmonumint is dy fan de famylje Boyle út de 17e iuw. Graaf Richard Boyle (1566-1643) spile in grutte rol by de Ingelske kolonisaasje fan Ierlân yn de 16e en 17e iuw en krige yn it ramt fan de Plantation grutte stikken lân yn it suden fan Ierlân. It monumint dat de graaf ta oantinken fan syn frou Katherine bouwe liet is fersierd mei de bylden fan 16 famyljeleden.

Oare epitafen binne dy fan de komponist Turlough O’Carolan (1670–1738) en Douglas Hyde, de earste Ierske presidint (1860–1949).

De katedraal wurdt ek in soad besocht fanwegen Jonathan Swift, dy't as deken yn de katedraal wurke hat en dêr yn it súdlike diel fan it tsjerkeskip mei syn frou Stella begroeven leit. Yn in fitrine is ek it deadenmasker fan de skriuwer te sjen.

Yn it noardwestlike diel fan it tsjerkeskip is in houten doar mei in gat te sjen. It gat waard yn 1492 troch lord Kildare makke om syn fijân, lord Ormonde, dy't him yn de tsjerke foar him skûlhold, de hân te skodzjen om sa it ein oan it skeel te besegeljen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel giet werom op in instrumint dat yn it jier 1697 troch Renatus Harris boud waard. Eartiids stie it oargel op it doksaal tusken it tsjerkeskip en it koer. Der is in soad oan it oargel ferboud en feroare en it krige yn de 18e iuw in tredde manuaal. Healwei de 19e iuw fûn nijbou fan it oargel plak mei bêhâld fan de pipen út 1697 en waard it oargel oerbrocht nei it noardlike kant fan it koer. It hjoeddeiske ynstrumint stamt fan de oargelbouwer Henry Willis and Sons, op 'e nij mei it behâld fan de âlde pipen. J. Walker & Sons renovearre it oargel yn 1963 en ferfong de pneumatyske trakturen troch elektropneumatyske trakturen. Foar it lêst waard it oargel yn 1994 restaurearre troch de firma Harrison & Harrison. It hat no 70 registers ferdield oer fiif manualen en pedaal.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]