Douglas Hyde
Douglas Hyde (Castlerea, 17 jannewaris 1860 - Dublin, 12 july 1949) - Iersk: Dubhghlas de hÍde - wie in Ierske dichter en letterkundige en fan 1938 oant 1945 de earste presidint fan de Republyk Ierlân. Hy rjochte ûnder oaren Conradh na Gaeilge op, ien fan de Ierske kulturele organisaasjes mei de measte ynfloed.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hyde syn heit wie predikant en hy hâlde syn earste jierren ta yn County Sligo. Hy hie trije bruorren: Arthur, John en Hugh. Neidat de famylje ferhuze wie nei Frenchpark krige Douglas dêr bot niget oan it Iersk, in taal dy't fral troch de âlderein brûkt waard, mar doetiids mar in bytsje wurdearre waard.
Der waard by Douglas op oanstien dat er lykas in protte oaren yn de famylje in religieuze oplieding folgje soe, mar hy keas foar akademysk ûnderrjocht oan it Trinity College yn Dublin en learde dêr floeiend Frânsk, Dútsk, Latyn, Gryksk en Hebriuwsk. Dêrneist makke syn passy foar it mei útsjerren bedrige Iersk dat er de Conradh na Gaeilge oprjochte.
Yn 1925 waard Hyde senator fan Seanad Éireann, mar yn novimber itselde jier waard er as gefolch fan allerhanne praat oer ûnder oaren syn protestantske eftergrûn alwer út dy funksje ûntheft. Hyde gie dêrnei oan de gong as heechlearaar oan de Nasjonale Universiteit fan Ierlân, dêr't ien fan syn studinten Cearbhall Ó Dálaigh wie, de lettere presidint. Neidat Hyde yn 1938 mei pinsjoen gien wie waard him troch Éamon de Valera op 'en nij de funksje fan senator yn Seanad Éirean oanbean. Rillegau - yn juny 1938 - waard Hyde de earste Ierske presidint. Dat kaam mei omdat de Valera en opposysjelieder William Thomas Cosgrave in protte bewûndering foar him hienen. Syn waarme persoanlikheid makke him ta in populêr presidint. April 1940 krige er lykwols in swiere beroerte, dy't er wol oerlibbe mar ek ta de rolstoel feroardiele.
Nei syn ferstjerren yn 1949 krige Hyde as earder presidint in steatsbegraffenis. Dy waard holden yn de St. Patrick’s Katedraal fan Dublin. Omdat it in protestantske tsjerke wie, bleaune alle leden fan it katolike kabinet, útsein Noël Browne, bûtendoar ûnder de tsjinst.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hyde skreau in tal artikelen yn The nation en The weekly freeman, ûnder oaren:
- Beside the fire †
- The songs of Connacht (Amráin Chuige Chonnacht), mei sân haadstikken:
- Corlan and his contemporaries
- Songs in praise of women
- Drinking songs
- Love songs †
- Songs acribed to raftery †
- Religious songs (chapter 1) †
- Religious songs (chapter 2) †
† ek as boek ferskynd
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feitebank Oireachtasleden - Profyl
- Census Return 1911 - de hÍde
- Nasjonale Universiteit fan Ierlân
- Dunleavy, Janet Egleson en Gareth W. Dunleavy. Douglas Hyde: A Maker of Modern Ireland. Berkeley et al.: Univ. of California Press, 1991. [1].