Chloe Vevrier
Chloe Vevrier | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Chloe | |
echte namme | Andrea Irena Fischer | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 18 septimber 1968 | |
berteplak | East-Berlyn (East-Dútslân) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk Boheemsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1993 – 2003 | |
offisjele webside | ||
chloevevrier.com |
Chloe Vevrier, echte namme: Andrea Irena Fischer (East-Berlyn, 18 septimber 1968), is in rêstend Dútsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Frânsk en Tsjechysk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Chloe. Hja waard benammentlik ferneamd om har grutte natuerlike boarsten. As neakenmodel stiene har foto's yn mear as 250 ûnderskate tydskriften. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.60 m, mei in gewicht fan 59 kg en in kupmaat dy't werjûn wurdt as 53H (IAFD), 85K (Dútske Wikipedy) of 32K (har eigen webside).
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chloe Vevrier waard yn 1968 berne yn it doetiidske East-Berlyn, de haadstêd fan 'e DDR. Oan 'e ein fan 'e jierren tachtich begûn se mei te wurkjen oan linzjerymoadeshows. Mei't it kommunistyske rezjym fan East-Dútslân it near lein hie op pornografy en eltse utering fan seksualiteit yn 'e maatskippij sterk regulearre, moasten sokke eveneminten ûndergrûnsk plakfine. Al rillegau waard Vevrier in stripper yn in klandestine stripklub en begûn se temûk as neakenmodel te posearjen foar bledsjes dy't ûnder de toanbank troch ferkocht waarden.
Karriêre as neakenmodel en pornoaktrise
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de fal fan 'e Berlynske Muorre, yn 1989, ferfear Vevrier nei de Britske haadstêd Londen ta, dêr't se har modellewurk kombinearre mei in stúdzje dy't har úteinlik ta in diplomearre masseuze meitsje soe. Hja briek troch doe't hja yn 1992 posearre foar de fotograaf John Graham. Neitiid ferskynden fotorapportaazjes fan har mear as 250 neakenblêden, wêrûnder Men Only en Mayfair yn Grut-Brittanje en Gent en Juggs yn 'e Feriene Steaten. Boppedat stie se ferskate kearen yn it populêre Amerikaanske blêd Score, wêrnei't se fanôf 1993 ek wurke foar de filmstudio fan The Score Group.
Yn 't earstoan die Vevrier allinnich masturbaasjefideo's, mar stadichoan kaam dêr lesbyske pornografy by mei oare grutte-boarstestjerren, lykas Danni Ashe, Traci Topps en Busty Dusty. Se wurke dêrby fral foar Score en guon oare studio's dy't har spesjalisearje yn it grutte-boarstesjenre, lykas Napali Video en Big Top Video. Pas yn 1999 die Vevrier har earste heteroseksuële sêne, yn 'e film Ultimate Chloe. Har iennichste oare heteroseksuële pornofilm, Ultimate Encore, kaam yn 2000 út. Yn totaal spile Vevrier, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 38 pornofilms, al hie se yn 11 dêrfan in net-pornografyske rol.
Vevrier wie fierders ien fan 'e wichtichste dielnimsters oan 'e earste Boob Cruise dy't Score organisearre: in farfakânsje foar trouwe lêzers fan it tydskrift, wêrby't Vevrier en oare grutte-boarstemodellen, wêrûnder Tawny Peaks en Lisa Lipps, jûns dûnsen en stripten en oerdeis op freonskiplike wize mei de mannen omgiene. De reis, op in tallship, sette ein july 1994 útein fanôf Grenada en folge in meänderjende koerts troch it Karibysk Gebiet. It barren bliek sa populêr dat Score der in jierliks evenemint fan makke, en Vevrier sylde ferskate jierren efterinoar mei.
Nei't se jierrenlang foar Score wurke hie, wat har ta in leginde fan it grutte-boarstesjenre makke hie, giene Vevrier en it tydskrift koart nei 2000 útinoar, nei't sein wurdt mei spul. Sûnt wurke Vevrier as freelance-model en -aktrise. Yn 2003 loek se har werom út 'e pornoyndustry, mar se bleau aktyf as neakenmodel en yn 't earstoan ek as stripper. Datselde jiers rjochte se har offisjele webside (ChloeVevrier.com) op, dy't yn elts gefal oant 2012 noch geregeldwei by de tiid brocht en oanfolle waard mei nij materiaal. Behalven fotomateriaal is op 'e webside ek Vevrier har persoanlike blôch te finen, en boppedat docht se foar leden live-webcamshows.
Oare aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har modelle- en aktearwurk wie Vevrier ek aktyf as kollumniste. Sa skreau se fan 1998 oant 2000 de kollumn Love School foar Danni Ashe har Honest Bra e-zine, en wie se nei 2003 ferskate jierren ferslachjouster foar it Amerikaanske neakenblêd Bachelor. Fierders makke se yn 2008 har debút as mainstream-aktrise yn 'e Amerikaanske swarte komeedzje Stash, fan regisseur Jay Bonansliga, wêryn't se in eroatysk fideomodel spilet.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chloe Vevrier is in diplomearre masseuze en profilearret har ek holistysk genêzeresse. Sûnt in reis nei Yndia, yn 2000, docht hja oan tantryske yoga en yn it ferlingde dêrfan ek oan tantryske seks, dêr't se ferskate essays oer skreaun hat dy't op har webside publisearre binne. Fierders is se in oanhingster fan 'e joadske kabbala-mystyk. Sûnt 2002 is se troud mei de fotograaf Jason Seifert. Se wennet ôfwikseljend yn Kalifornje, Londen en Dútslân, mei as haadadres Los Angeles.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Chloe Vevrier
- (in) Biografy en filmografy fan Chloe Vevrier yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Chloe Vevrier yn 'e Internet Adulf Film Database (IAFd)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|