Springe nei ynhâld

Tawny Peaks

Ut Wikipedy
Tawny Peaks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michele Ann Laird
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 maaie 1970
berteplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
lesbysk pornoaktrise
jierren aktyf 19941999
offisjele webside
www.tawny-peaks.com

Tawny Peaks, echte namme: Michele Ann Laird (New York, 10 maaie 1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn 'e midden fan 'e njoggentiger jierren fan 'e tweintichste iuw namme makke fanwegen har oergrutte boarsten. (Har artystenamme "Tawny Peaks" is wurdspiling, mei't it letterlik "taankleurige berchtoppen" betsjut, wylst Tawny ek in Ingelske famkesnamme is.) Neffens har offisjele opjefte wie Tawny Peaks ûnder har karriêre 1.52 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 38DD, dêr't se fansels oan kommen wie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tawny Peaks waard berne yn New York en wurke oan it begjin fan 'e jierren njoggentich yn Troy, yn Michigan, in foarstêd fan Detroit, dêr't se kosmetikaferkeapster wie by it warehûs Hudson's.

Yn 1994, doe't se 24 jier wie, sette se útein mei in karriêre as neakenmodel en stripper. Hja posearre foar fotorapportaazjes yn in ferskaat oan neakenblêden, lykas Score, Hustler's Busty Beauties, Juggs en Gent. As feature dancer reizge Peaks by stripklubs yn hiel Amearika lâns, en ek fear se in kear (yn 1994) mei op 'e jierlikse Boob Cruise (in rûnfeart op in echt cruiseskip foar lêzers fan Score en oare belangstellenden wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne). Peaks ferskynde yn in tolvetal eroatyske of pornografyske films, wêrfan't Playboy: Voluptuous Vixens II, út 1998 foar 't neist de bekendste is. Dêrby beheinde Peaks har optreden ta, yn it uterste gefal, lesbyske pornografy, en faak posearre se inkeld neaken, soms yn masturbaasjesênes. Tawny Peaks hat nea heteroseksuële pornografy makke. De measte films dêr't se yn spile, waarden útbrocht troch de studio Big Top Video, dy't him taleit op it grutte-boarstesjenre.

Njonken soksoarte optredens wurke Peaks ek mei oan 'e dokumintêre Breasts, út 1996, wêryn't 22 froulju fan 11 oant 84 jier, mei yn totaal 41 boarsten, foar it meastepart topless oer harren boarsten prate. Boppedat spile se yn 1998 mei yn 'e kontroversjele mainstream-film Let's Talk About Sex, fan 'e (froulike) regisseur Troy Beyer, dy't yn 'e Feriene Steaten swier sinsurearre waard, mar yn Frankryk ferskate kearen yn 'e orizjinele foarm gewoan op 'e tillefyzje útstjoerd is.

Tawny Peaks kaam ynternasjonaal yn it nijs doe't se 1998 oanklage waard troch in fysioterapeut út Floarida, dy't by in optreden fan har in whiplash oprûn hawwe soe. De man wie troch syn freonen foar syn bokkefeest meinommen nei in stripklub, dêr't Peaks har grutte boarsten mei sa'n geweld tsjin syn holle oan swongen hawwe soe, dat er der bliuwende lichaamlike klachten oan oerholden hie. Har boarsten, dy't doedestiden neffens de nijsberjochten kupmaat 60HHH of 69HH hiene, wiene neffens de man sa hurd as betonblokken. Beide partijen stimden yn mei in binende arbitraazje yn it Amerikaanske tillefyzjeprogramma The People's Court, dêr't de eardere boargemaster fan New York Ed Koch foar rjochter spile. Nei't dy Peaks har boarsten ûndersykje litten hie troch in froulike parketwacht, besliste er yn it foardiel fan Peaks, en died er de útspraak dat har boarsten "sa'n twa pûn it stik en fan trochsneed stevichheid" wiene, en alhiel net gefaarlik.

Yn 1999 hold Peaks op mei har wurk as model, stripper en lesbysk pornoaktrise, en liet se har ymplantaten fuorthelje. Neitiid ferkocht se dy by opbod op 'e merksite eBay. Ien derfan waard oanskaft troch it ynternetkasinobedriuw GoldenPalace.com foar it bedrach fan $16.766. Peaks is teminsten ien kear troud en wer skieden, en hat in bern. Hja wennet no yn Detroit, en liedt in ûnopfallend bestean as húsfrou.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.