Charles Le Goffic
Charles Le Goffic | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Charles Le Goffic | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 14 july 1863 | |
berteplak | Lannion (Bretanje) | |
stoarn | 12 febrewaris 1932 | |
stjerplak | Lannion (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | poëzij, lit. romans, non-fiksje (skiedkundige wurken) | |
perioade | Belle Époque, 1e helte 20e iuw | |
jierren aktyf | 1879 – 1932 |
Charles Le Goffic (Lannion, 14 july 1863 – dêre, 12 febrewaris 1932) wie in Frânsk dichter, skriuwer fan romans en koarte ferhalen, skiedkundige en letterkundige fan Bretonsk etnysk komôf. Syn ynfloed wie benammen sterk yn syn heitelân Bretanje, dêr't er û.m. de Skotske doedelsek yntrodusearre. Le Goffic wie in lid fan 'e Académie française.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Le Goffic waard berne yn Lannion, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord (no Côtes-d'Armor), dat diel útmakket fan 'e histoaryske regio Bretanje. Hy kaam út in begoedige sosjaal fermidden en brocht syn jonkheid troch yn Perros-Guirec en Trégastel, dêr't er fierhinne grutbrocht waard troch in minne. Yn oktober 1888 troude er mei in Julie Fleury. Nei't er dêroer in rjochtsaak wûn hie, kocht Le Goffic in pleats op Run-Rouz, dat ta Trégastel heart. Hy foarseach yn syn libbensûnderhâld troch om utens, yn oare dielen fan Frankryk, as skoalmaster te wurkjen: yn Gap, Évreux, Nevers en Le Havre.
Yn 1886 rjochte Le Goffic yn 'e mande mei Maurice Barrès en Raymond de Tailhède it literêr tydskrift Les Chroniques ("De Kroniken") op. Hy skreau, yn dat blêd en dêrbûten, wiidweidich oer aspekten fan 'e Bretonske en bredere Keltyske kulturele identiteit, wêrby't er de klam lei op it belang fan pleatslike tradysjes foar kulturele kontinuïteit. Ek publisearre er in protte oer skiedkundige ûnderwerpen. Dêrnjonken wie Le Goffic ek aktyf as dichter en skriuwer fan romans en koarte ferhalen. Syn ferhalebondel Passions Celtes, út 1910 wie fan grutte ynfloed op 'e Bretonske kulturele weropstanning. Ien fan syn ferhalen dramatisearre Le Goffic op fersyk fan 'e komponist Guy Ropartz ta in libretto foar syn opera Le Pays.
Yn 1895 wie Le Goffic it, dy't yn Bretanje de grutte Heechlânske doedelsek út Skotlân yntrodusearre. Neitiid ûntjoech dat muzykynstrumint him ta in ûnderdiel fan 'e Bretonske folksmuzyk dat net mear fuort te tinken is.
Yn polityk opsjoch stiene Le Goffic syn tinkbylden nei ta dy fan Charles Maurras. Hy wurke mei oan it blêd Revue d'Action française, dat yn 1899 oprjochte waard, en dêr't letter, yn 1908, L'Action française út fuortkomme soe. Hoewol't er eins in oertsjûge republikein wie, stipe er omreden fan syn militante regionalisme en syn tradisjonalistyske ideeën dochs it "maurrassisme", sa't dat bekend kaam te stean, in projekt om 'e monargy yn Frankryk wer yn te fieren. Dat docht û.m. bliken út syn L'Enquête sur la monarchie, út 1900.
Le Goffic waard yn 1930 keazen as lid fan 'e prestizjeuze Académie française. Hy kaam yn 1932 mei 68 jier te ferstjerren yn syn berteplak Lannion. Le Goffic waard te hôf brocht yn Trégastel, dêr't er rêst yn ien grêf mei syn frou Julie en harren dochter, dy't mar santjin jier waard.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1879 – Nous autres
- 1882 – Velléda
- 1888 – Les Mémoires de Saint-Simon (mei Jules Tellier)
- 1889 – Amour Breton (dichtbondel)
- 1890 – Les Romanciers d'aujourd'hui
- 1891 – Chansons bretonnes
- 1892 – Le Crucifié de Kéraliès
- 1894 – Passé l'amour
- 1895 – Contes de l'Assomption
- 1896 – Sur la côte
- 1897– La Payse
- 1898– Morgane
- 1900– Le Bois dormant (dichtbondel)
- 1901– Le Pardon de la reine Anne (dichtbondel)
- 1902–1922 – L'âme bretonne (4 dielen)
- 1903 – Les Métiers pittoresques
- 1903 – L'Erreur de Florence
- 1904 – Les Sept-Îles
- 1904 – Les Calvaires Bretons
- 1906 – Les Bonnets rouges
- 1907 – La Cigarière
- 1909 – Passions celtes (ferhalebondel)
- 1909 – La double confession
- 1909 – La littérature française au XIXe siècle
- 1910 – Ventôse: Le pays
- 1911 – Fêtes et coutumes populaires
- 1912 – Racine (2 dielen)
- 1913 – Le Pirate de l’île Lern
- 1913 – Monsieur Ernest Renan dans la Basse-Bretagne
- 1913 – Poésies complètes (samle fersen)
- 1915 – Dixmude
- 1916 – Bourguignottes et pompons rouges
- 1917 – Les Marais de Saint-Gond
- 1917 – Steenstraëte
- 1917 – Sans nouvelles
- 1918 – La guerre qui passe
- 1919 – Saint-Georges et Nieuport
- 1919 – Les Trois Maréchaux
- 1920 – Bretagne
- 1920 – La littérature française aux XIXe et XXe siècles
- 1921 – La Marne en feu
- 1921 – L'Abbesse de Guérande
- 1921 – Chez les Jean Gouin
- 1921 – L'Odyssée de Jean Chevanton
- 1922 – L'Illustre Bobinet
- 1922 – Croc d'argent
- 1926 – Le Treizain de la nostalgie et du déchirement: La visite nocturne (dichtbondel)
- 1927 – Madame Ruguellou
- 1928 – La Tour d'Auvergne
- 1929 – Anthologie des poètes de la mer (blomlêzing fan gedichten oer de see)
- 1929 – Mes entretiens avec Foch, suivis d'un entretien avec le général Weygand
- 1931 – La Chouannerie : Blancs contre Bleus (1790–1800) (skiedkundich wurk oer de Chouannerie)
- 1931 – Poésies complètes (samle fersen; 2 dielen)
- 1933 – Ombres lyriques et romanesques
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |