Springe nei ynhâld

Candice Swanepoel

Ut Wikipedy
Candice Swanepoel
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Candice Susan Swanepoel
nasjonaliteit Súdafrikaansk
berne 20 oktober 1988
berteplak Mooi River (Súd-Afrika)
etnisiteit Afrikanersk
wurkpaad
soarte model mannekên, fotomodel
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.candiceswanepoel.com

Candice Swanepoel (folút: Candice Susan Swanepoel; Mooi River, 20 oktober 1988) is in Súdafrikaansk mannekên en fotomodel fan Afrikaner komôf. Hja is bekend wurden as model foar it linzjerymerk Victoria's Secret. Yn 2013 waard har troch it Amerikaanske tydskrift Forbes it njoggende plak taparte op 'e list mei de meast fertsjinjende modellen fan 'e wrâld.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swanepoel waard yn 1988 berne yn Mooi River, yn 'e súdeastlike Súdafrikaanske provinsje Natal, yn in Afrikaner famylje fan Nederlânsk komôf. Yn 2003, doe't se fyftjin jier wie, waard se 'ûntdutsen' troch in scout fan in modelleburo, wylst se in rommelmerk yn 'e havenstêd Durban besocht.

Under har karriêre as model stie Swanepoel mei fotoreportaazjes yn withoefolle tydskriften, lykas de Australyske, Brazyljaanske, Grykske, Japanske, Italjaanske, Meksikaanske, Portegeeske en Spaanske edysjes fan Vogue, de Brazyljaanske, Britske, Dútske en Súdafrikaanske edysjes fan Elle, de Britske, Meksikaanske, Roemeenske, Sineeske en Súdafrikaanske edysjes fan GQ, de Argentynske, Spaanske, Tsjechyske en Turkske edysjes fan Harper's Bazaar, en fierders yn i-D, Lush en Ocean Drive.

Ek posearre Swanepoel foar printe advertinsjes fan merken as Nike, Diesel, Tommy Hilfiger, Ralph Lauren en Versace. As mannekên showde se op 'e catwalk klean foar û.o. Tommy Hilfiger, Dolce en Gabbana, Donna Karan, Giambattista Valli, Prabal Gurung, Oscar de la Renta, Chanel, Elie Saab, Diane von Fürstenberg, Stella McCartney, Viktor en Rolf, Jean Paul Gaultier en Christian Dior. Yn 2010 wurke se yn 'e mande mei Lindsay Ellingson, Rosie Huntington-Whiteley, Behati Prinsloo en Erin Heatherton mei oan 'e SWIM-katalogus oangeande baaiklean. Datselde jiers showde se ek baaiklean út 'e kolleksje fan Kim Kardashian.

Yn 2007 posearre Swanepoel foar it earst foar it linzjerymerk Victoria's Secret, en yn 2010 waard se in fêst V.S.-model, in saneamde Victoria's Secret Angel. Op 12 augustus fan dat jier ferrjochte se yn Edmonton de feestlike iepening fan 'e earste Victoria's Secret-winkel yn Kanada. Swanepoel stie yn 2013 op 'e omslach fan 'e Victoria's Secret-baaikleankatalogus, en datselde jiers waard hja keazen om 'e mei ealstiennen ter wearde fan $10 miljoen ynleine, saneamde "fantasijbeha" te dragen by de jierlikse moadeshow fan it linzjerymerk. Yn 2014 waard Swanepoel troch de lêzers fan it manljusblêd Maxim keazen as nûmer 1 fan 'e jierlikse list fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld. It Amerikaanske tydskrift Forbes pleatste har yn 2013 op it njoggende plak fan 'e list fan meast fertsjinjende modellen, mei in fermogen dat rûsd waard op $3,3 miljoen.

Swanepoel har memmetaal is Afrikaansk, mar se sprekt ek floeiend Ingelsk en Portegeesk. Dy lêste taal hat se leard fan hat freon Hermann Nicoli, in Brazyljaansk model, mei wa't se in relaasje hat sûnt se him foar it earst yn Parys mette yn 2005, doe't se santjin jier wie. Swanepoel is goefreon mei it Namibyske model Behati Prinsloo en har Britske kollega Rosie Huntington-Whiteley, dy't allebeide ek Victoria's Secret Angels binne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.